Springe nei ynhâld

Grutkoppappegaaien

Ut Wikipedy
Grutkoppappegaaien
Kaapske pappegaai
Kaapske pappegaai
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:fûgels (Aves)
skift:pappegaai-eftigen (Psittaciformes)
boppefamylje:pappegaaien of echte pappegaaien (Psittacoidea)
family:Pappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittaculidae)
skaaiGrutkoppappegaaien (Poicephalus)
Swainson, 1837

Grutkoppappegaaien (Poicephalus) hearre ta de famylje fan 'e Pappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittaculidae) (Psittacidae), dus de echte pappegaaien. It is in skaai dat natuerlik foarkomt yn Afrika besuden de Sahara. De typesoarte is de Kaapske pappegaai (P. robustus), wylst de Senegalpappegaai troch de avikultuer it meast bekend is.

Algemiene eigenskippen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De grutkoppappegaaien binne oer it generaal kompakte fûgels fan 22 oant 33 sm lang mei in brede kop en in krêftige snaffel. Se hawwe oer it generaal in koarte sturt en lange wjukken en wurde dêrom yn it Nederlânsk langvleugelpapegaaien neamd. Se ha in frij ticht fearrekleed mei faak grien as oerhearskjende kleur en fierder griis, giel, oranje of brún.

Grutkoppappegaaien libje meast yn of by bosken en op savannes, faak yn gebieten mei beammen dêr’t se yn holtes harren nêst bouwe. Se ite benammen sied, nuten, fruchten en bytiden ek blommen of knoppen.

By trije soarten binne de poppen kleurriker as de mantsjes, itjinge net in soad foarkomt yn 'e fûgelwrâld.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It binne tige yntelliginte fûgels, net sa lawaaierich as guon oare pappegaaiesoarten, mar wol mei in dúdlik karakter en in tige sterke bytkrêft. Guon soarten kinne minsklike stimmen neidwaan, mar minder dúdlik as bygelyks Afrikaanske grize pappegaaien (Psittacus).

Populaasjetrend

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De measte soarten steane ûnder druk troch habitatferlies en fangst foar de fûgelhannel, fral yn West- en Sintraal-Afrika.

Hjoed-de-dei wurde der tsien soarten erkend. Earder waarden de Kaapske en de brúnnekpappegaai as ien soarte behannele, mar nei ûndersyk die bliken dat it om twa ferskillene soarten giet.

OfbyldWittenskiplike
namme
Fryske nammeFerspriedingStatus/
Trend
P. crassusNiam-NiampappegaaiSintraal-Afrikaanske Republyk en oangrinzgjende gebieten.net bedrige
[1]
P. cryptoxanthusbrúnkoppappegaaiEast-Afrikanet bedrige
[2]
P. flavifronsgielmaskerpappegaaiEtioopjenet bedrige
[3]
P. fuscicollisbrúnnekpappegaaiAfrika ûnder de Saharanet bedrige
[4]
P. gulielmireadbúkpappegaaiAfrikaanske tropyske reinwâldennet bedrige
[5]
P. meyerigielskouderpappegaaiAfrika besuden de Saharanet bedrige
[6]
P. robustusKaapske pappegaaiSúd-Afrikakwetsber
stabyl[7]
P. rueppelliiRüppellpappegaaiSúd-Afrikanet bedrige
[8]
P. rufiventrisreadbúkpappegaaiHoarn fan Afrikanet bedrige
stabyl[9]
P. senegalusSenegalpappegaaiWest-Afrikanet bedrige
[10]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: