Grutearkitfoks
| grutearkitfoks | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Vulpes macrotis | ||||||||||||
| Merriam, 1888 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Net te betiizjen mei de kitfoks, dat in oare hûneftige út Noard-Amearika is, hoewol't yn it Ingelsk de grutearkitfoks fan kit fox neamd wurdt.
Net te betiizjen mei de grutearfoks, dat in hûneftige út Afrika is.
De grutearkitfoks (wittenskiplike namme: Vulpes macrotis) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e hûneftigen (Canidae) en it skaai fan 'e foksen (Vulpes). Dit bist komt foar yn it súdwesten fan 'e Feriene Steaten en noardlik en noardwestlik Meksiko. It is de lytste fan 'e fjouwer foksesoarten dy't yn 'e Nije Wrâld foarkomme en ien fan 'e lytsten fan 'e wrâld. De grutearkitfoks is yn haadsaak in nachtdier dat de dei rêstend trochbringt yn in ûndergrûnske hoale. It is in opportunistyske omnivoar dy't foar it meastepart woastinen en healwoastinen bewennet. De IUCN klassifisearret de grutearkitfoks as net bedrige.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutearkitfoks waard foar it earst yn 1888 wittenskiplik beskreaun troch de foaroansteande Amerikaanske soölooch C. Hart Merriam, dy't wol de "heit fan 'e mammalogy" neamd wurdt. Hy joech it bist de wittenskiplike namme Vulpes macrotis. De skaainamme Vulpes is Latyn foar "foks", wylst it soartspesifike diel macrotis letterlik "grutear" ynhâldt. De namme betsjut dus eins "grutearfoks". Yn it Ingelsk wurdt dit bist de kit fox neamd, mar yn it Nederlânsk en Frysk ferwiisd de namme kitfoks nei in nau besibbe soarte, Vulpes velox. Kit is it Ingelske wurd foar "foksejong", en it ferwiist yn dizze kontekst, nei't men oannimme mei, nei de behindige grutte fan 'e grutearkitfoks.

Guon mammalogen hawwe de grutearkitfoks yn it ferline (oant yn 'e 1990-er jierren ta) wol klassifisearre as in ûndersoarte fan 'e kitfoks, dy't foarkomt op 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Mar út in ûndersyk út 1993 nei it mitogondriaal DNA fan 'e bisten die bliken dat it wier om twa ferskillende soarten gie. Yn 'e kontreien dêr't it ferspriedingsgebiet fan 'e grutearkitfoks en de kitfoks oerlapet, yn West-Teksas en it easten fan Nij-Meksiko, komme wol natuerlike krusings fan 'e beide soarten foar, mar dy hybridisearring is mar hiel beheind yn skaal.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferspriedingsgebiet fan 'e grutearkitfoks leit yn it súdwestlike part fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten en it noarden en noardwesten fan Meksiko. It omfettet guon fan 'e drûchste dielen fan Noard-Amearika, wêrûnder de Sonoarawoastyn yn noardwestlik Meksiko, op it Kalifornysk Skiereilân en yn súdlik Arizona, de Mojavewoastyn yn súdeastlik Kalifornje, de Chihuahuawoastyn yn it noarden fan it Heechlân fan Meksiko en de Woastyn fan 'e Grutte Dobbe yn Nevada en oangrinzgjende dielen fan Arizona, Utah, Idaho en Oregon. Fierders heart ek West-Teksas ynklusyf de Transpecos ta it areaal, de súdwestlike helte fan Nij-Meksiko, it streamgebiet fan 'e rivier de Colorado troch súdlik Utah oant yn it westen fan 'e steat Colorado, en de San-Joaquindelling, dy't it súdlike part fan 'e Sintrale Delling fan Kalifornje foarmet.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutearkitfoks is fan ferlykbere grutte mei in hûskat (Felis catus). Hy hat trochinoar in kop-romplingte fan 451/2–531/2 sm, mei in sturtlingte fan 26–32 sm en in gewicht fan 1,6–2,7 kg. Dêrmei is dit de lytste fan 'e fjouwer leden fan it skaai fan 'e foksen (Vulpes) dy't yn Noard-Amearika foarkomme (de oaren binne de gewoane foks (V. vulpes), de poalfoks (V. lagopus) en de kitfoks (V. velox)). De sturt is lang (rûchwei 40% fan 'e totale lichemslingte) en sjocht derút as in plomsturt. Sa't syn namme al suggerearret, hat de grutearkitfoks opmerklik grutte earen, sels foar in foks, mei in lingte fan 7,1–9,5 sm. Dy fasilitearje as in soartemint 'skûtelantennes' net inkeld in tige skerp gehoar, mar fungearje yn 'e hjittens fan 'e woastyn ek as 'radiators' om oermjittige lichemswaarmte ôf te jaan. Grutearkitfoksen fertoane net folle seksuele dimorfy, útsein yn 'e sin dat de rikel (it mantsje) justjes grutter is as de moerfoks (it wyfke).
De kleur fan 'e pels kin regionaal fariëarje, mar oer it algemien is de grutearkitfoks op 'e kop, yn 'e nekke, op 'e rêch en op 'e sturt spikkelich oant gielich griis. De spikkeligens is it gefolch fan langere boppehierren dy't út it ûnderhier omheech stekke en in swarte punt hawwe mei dêrûnder in wite bân en dêr wer ûnder noch in swartenien. De siden, it boarst en de poaten binne gielich oant oranje, wylst it kin, de kiel en de bealch brutsen wyt oant krêmkleurich binne. De snút en snorhierren binne oer it algemien brún oant swart. De soallen fan 'e poaten hawwe stive toefen hier, dy't har beskermet tsjin in ekstreem ferhjitte ûndergrûn, mar dy't de grutearkitfoks mei-iens ek mear gryp jouwe op in ûndergrûn fan mul sân.

Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutearkitfoks is in bewenner woastinen en healwoastinen, dy't ek wol foarkomt op 'e steppe en de drûge prêrje. In ûndergrûn fan los materiaal, lykas sân, jout er de foarkar oan boppe rotsen, mei't er dêr net yn grave kin. Grutearkitfoksen wurde soms ek oantroffen yn kultuerlânskippen, yn 't bysûnder yn hôven en wyngerds. Se binne sels by steat om har oan te passen oan it libben yn 'e stêd. Yn bercheftige kontreien komme se foar fan 400–1.900 m boppe seenivo.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Grutearkitfoksen libje yn pearkes fan in rikel en in moerfoks. Se binne net botte territoriaal; ferskate pearkes kinne deselde krite brûke om te jeien, al dogge se dat ornaris net tagelyk.
De grutearkitfoks is yn haadsaak in nachtdier, hoewol't er bytiden ek yn 'e krepuskulêre perioaden (jûnsskimer en moarnsdage) op 'e lapen komt. Ljochtskyndei bringt er yn 'e regel rêstend troch yn syn ûndergrûnske hoale om oan 'e hjittens fan 'e woastyn te ûntkommen. Soms, benammen by 't winter, kom er oerdeis foar 't ljocht om te sinnebaaien. De hoale is faak eigengroeven, mar soms nimme grutearkitfoksen ek in al besteande hoale oer, dy't makke is troch de sulverdas (Taxidea taxus), of ien fan ferskate soarten grûniikhoarntsjes, prêrjehûnen of kangoeroerotten. Ien pear grutearkitfoksen hat ornaris mear as 11 hoalen tagelyk yn gebrûk, dy't fersille lizze oer it territoarium.

Grutearkitfoksen steane bekend om har fluggens, mar dat is faak mar in yllúzje dy't kreëarre wurdt troch har behindige grutte en har skutkleur. Harren maksimumfaasje is rûchwei 40 km/h, mar dy gong hâlde se der net lang yn, mei't se op folle feart sprinters binne en gjin lange-ôfstânsdravers.
De grutearkitfoks is oer it algemien monogaam yn syn relaasje mei syn partner, en de pearkes bliuwe it jier rûn byinoar. Mar der dogge har út en troch ek polygame pearingsrelaasjes foar. De moerfoks begjint al yn septimber of oktober hoalen ta te rieden om yn te befallen. Dêrby wurdt gjin nêst oanlein, mar wurde der nije yngongen en tunnels tafoege. De eigentlike peartiid falt fan desimber oant jannewaris of febrewaris, wannear't de moerfoks loopsk is. De pearing einiget, lykas by de measte hûneftigen, mei in pearingsbân, wêrby't de penis sa opset dat er tydlik yn 'e fagina fêst komt te sitten.
De draachtiid duorret by de grutearkitfoks 49–56 dagen, wêrnei't de moerfoks, almeast yn febrewaris of maart, in nêst fan 4–5 jongen smyt. Dy komme blyn en dôf te wrâld, mar hawwe by de berte al wol hier. De eachjes en earkes fan 'e jongen geane mei 10–15 dagen iepen. De jongen bliuwe binnendoar oant se teminsten 28 dagen âld binne. De moerfoks bliuwt yn dy perioade by harren en de rikel jaget dan foar himsels en syn partner. Mei likernôch 56 dagen wurde de jongen ôfwûn en mei 3–4 moannen begjinne se foar harsels te jeien en foerazjearjen. Se binne selsstannich mei 5–6 moannen en geslachtsryp mei 10 moannen. De libbensferwachting fan in grutearkitfoks yn it wyld bedraacht 51/2 jier, hoewol't guon eksimplaren yn finzenskip wol 10–12 jier wurden binne.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutearkitfoks is, wat fretten oanbelanget, in opportunist mei in omnivoar, mar yn haadsaak karnivoar dieet. Wat der op in willekeurige dei krekt op it menu stiet, hinget alhiel ôf fan 'e beskikberens. Yn 'e Mojavewoastyn is de wichtichste proai fan 'e grutearkitfoks de merriamkangoeroegoffer (Dipodomys merriami).
Oare kjifdieren dy't troch de grutearkitfoks bejage wurde, binne: de westlike hartemûs (Peromyscus sonoriensis), de súdlike hartemûs (Peromyscus labecula), de gambelhartemûs (Peromyscus gambelii), de kaktusmûs (Peromyscus eremicus), de pinjonmûs (Peromyscus truei), de wytpoatmûs (Peromyscus leucopus), de noardlike sprinkhoannemûs (Onychomys leucogaster), de súdlike sprinkhoannemûs (Onychomys torridus), de westlike nôtmûs (Reithrodontomys megalotis), de boarstelhierrige mûsgoffer (Chaetodipus hispidus), de merriammûsgoffer (Perognathus merriami), de Kalifornyske mûsgoffer (Chaetodipus californicus), de langpoatmûsgoffer (Perognathus longimembris), de lytse mûsgoffer (Perognathus parvus), de lytse woastynmûsgoffer (Chaetodipus arenarius), de rotsmûsgoffer (Chaetodipus intermedius), de sidehierrige mûsgoffer (Perognathus flavus), de stikelhierrige mûsgoffer (Chaetodipus spinatus), de woastynmûsgoffer (Chaetodipus penicillatus), it beldinggrûniikhoarntsje (Urocitellus beldingi), it Pajûtgrûniikhoarntsje (Urocitellus mollis), it Kalifornysk grûniikhoarntsje (Otospermophilus beecheyi), it rotsiikhoarntsje (Otospermophilus variegatus), it gewoan antilopegrûniikhoarntsje (Ammospermophilus leucurus), de swartsturtprêrjehûn (Cynomys ludovicianus), de Rocky-Mountainsprêrjehûn (Cynomys gunnisoni), de plomsturthamsterrôt (Neotoma cinerea), de woastynhamsterrôt (Neotoma lepida) en de muskusrôt (Ondatra zibethicus).

Dêrnjonken fret de grutearkitfoks ek hazze-eftigen, lykas de berchkatoensturtknyn (Sylvilagus nuttallii), de Floaridaknyn (Sylvilagus floridanus), de Kalifornyske knyn (Sylvilagus bachmani), de woastynkatoensturtknyn (Sylvilagus audubonii), de dwerchknyn (Brachylagus idahoensis), de ezelhazze (Lepus alleni) en de swartsturthazze (Lepus californicus). Der steane ek fûgels op it menu, benammen op 'e grûn libjende soarten, lykas de waaierhin (Centrocercus urophasianus) en eksoaten as de Aziatyske stienpatriis (Alectoris chukar), de fazant (Phasianus colchicus) en de patriis (Perdix perdix). Fierders frette grutearkitfoksen ek lytse reptilen, ynsekten, ies, fisken en soms plantaardich materiaal, lykas fruchten fan 'e tomaatplant (Lycopersicon esculentum) en de sagûarokaktus (Carnegiea gigantea). Ytber ôffal dat troch minsken efterlitten is, litte se ek net lizze.
Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste natuerlike fijân fan 'e grutearkitfoks is de prêrjewolf (Canis latrans), dy't grutearkitfoksen deadet safolle as er mar kin, net om se op te fretten, mar om 'e konkurrinsje út 'e wei te romjen. Oare natuerlike fijannen fan 'e grutearkitfoks binne de sulverdas (Taxidea taxus), de keningsearn (Aquila chrysaetos) en de reade lynks (Lynx rufus).

Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutearkitfoks hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.
De populaasje yn 'e San-Joaquindelling fan Kalifornje, dy't nei alle gedachten in aparte ûndersoarte (V. m. mutica) fertsjintwurdiget, is lykwols bedrige. Eartiids wie dat bist yn sintraal Kalifornje tige algemien oanwêzich, mar troch útrûgingsprogramma's fan boeren dy't rjochte wiene tsjin rôfdieren kaam er mids tweintichste iuw yn 'e knipe. Sûnt 1967 hat er yn Kalifornje in beskerme status. Yn 1990 bestie de populaasje nei skatting noch út 7.000 eksimplaren, en dat is sûnt allinnich noch mar belune troch de oanhâldende útwreiding fan minsklike aktiviteiten yn 'e delling, dy't foar de grutearkitfoks delkomt op habitatferneatiging. In oare negative faktor is de útrûging fan 'e grize wolf (Canis lupus) yn Kalifornje; dêrtroch is de prêrjewolf (Canis latrans) dêr no it wichtichste rôfdier, en lit dat no krekt de slimste natuerlike fijân fan 'e grutearkitfoks wêze.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ferdieling fan 'e grutearkitfoks (Vulpes macrotis) yn ûndersoarten is noch net alhiel dúdlik. Oant teminsten it begjin fan 'e 1980-er jierren waarden der wol 8 ûnderskate ûndersoarten erkend, mar in yngeande analyze út 1990 koe foar dy yndieling gjin ûnderstypjend bewiis fine. Hoewol't it sa klear as in klûntsje is dat der yn dizzen ferlet is fan mear ûndersyk, liket de measte ynformaasje dy't no al beskikber is derop te wizen dat alteast de bedrige grutearkitfoks fan 'e San-Joaquindelling yn sintraal Kalifornje in erkenning as ûndersoarte fertsjinnet, V. m. .mutica, omreden fan syn geografyske isolaasje. Alle oare grutearkitfoksen soene dan ûnder de nominaat V. m. macrotis beflapt wurde kinne.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|

