Grutearfoks
| grutearfoks | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Otocyon megalotis | ||||||||||||
| Desmarest, 1822 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Net te betiizjen mei de grutearkitfoks, in hûneftige út Noard-Amearika.
De grutearfoks (wittenskiplike namme: Otocyon megalotis), fanwegen syn bûtenproporsjoneel grutte earen ek wol de leppelhûn neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e hûneftigen (Canidae) en it monotypyske skaai fan 'e grutearfoksen (Otocyon). Dit bist komt foar yn twa net opinoar oanslutende ferspriedingsgebieten yn Súdlik Afrika en East-Afrika. It is in lytse karnivoar dy't lykwols foar it meastepart ynsekten fret, in dieet dat unyk is mank hûneftigen. De grutte earen hawwe mear mei termoregulearring te krijen as mei it gehoar. Grutearfoksen binne sosjale bisten dy't yn East-Afrika nachtaktyf binne, wylst se yn Súdlik Afrika in diel fan it jier nachts op 'e lapen komme en in oare diel fan it jier oerdeis. De IUCN klassifisearret de grutearfoks as net bedrige.
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wittenskiplike namme foar it skaai fan 'e grutearfoksen, Otocyon, komt fan 'e Grykske wurden οτὖς, otus, dat "ear") betsjut, en κύων, kyon, mei de bestjutting fan "hûn". De soartenamme megalotus komt ek út it Gryksk, fan μέγας, megas, dat "grut" betsjut en op 'e nij οτὖς, otus foar "ear". De letterlike betsjutting fan Otocyon megalotis is dus eins "earhûn grutear".
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutearfoks waard yn 1822 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Frânske soölooch Anselme Gaëtan Desmarest. Dyselde joech it bist oarspronklik de wittenskiplike namme Canis megalotis, wêrmei't it (omreden fan syn likenis mei in jakhals) yndield waard by it skaai fan 'e hûnen (Canis). In eigen, monotypysk skaai fan 'e grutearfoksen (Otocyon) waard yn 1835 yntrodusearre troch de Dútske mammalooch Salomon Müller. De oergrutte earen en it ôfwikende gebit fan 'e grutearfoks wurde ek tsjintwurdich noch genôch reden achte om yndieling yn in eigen skaai te rjochtfeardigjen.
Om't earder gjin inkele nauwe bân fêststeld wurde koe mei oare hûneftigen, waard de grutearfoks foarhinne yndield yn in eigen monotypyske ûnderfamylje mei de wittenskiplike namme Otocyoninae. Yn 'e iere ienentweintichste iuw brocht nij ûndersyk lykwols in relaasje mei de foksen oan it ljocht, en dêrom wurdt it skaai fan 'e grutearfoksen no yndield by de tûke fan 'e echte foksen (Vulpini) yn 'e ûnderfamylje fan 'e echte hûneftigen (Caninae). De grutearfoksen binne frijwol wis in sustergroep fan 'e waskbearhûnen (Nyctereutes) en de foksen Vulpes en hawwe in basale posysje binnen de famylje fan 'e hûneftigen.
Evolúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutearfoks en it skaai fan 'e grutearfoksen binne min fertsjintwurdige mank opdobbe fossilen. De âldste fossilen fan 'e grutearfoks sels geane werom oant it Mid-Pleistoseen. Yn 'e Olduvaikleau yn Tanzania binne fossilen fan Recks grutearfoks fûn, dy't datearje út it Let-Plioseen of it Ier-Pleistoseen. Dat bist waard earst ûnder de wittenskiplike namme Otocyon recki by de grutearfoksen yndield. Mar tsjintwurdich wurdt Recks grutearfoks ornaris yn in eigen skaai pleatst, dat fan 'e oergrutearfoksen (Prototocyon). Ynstee fan in sustersoarte wurdt it no beskôge as in mooglike foarâlder fan 'e hjoeddeistige grutearfoks.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutearfoks hat in diskontinu ferspriedingsgebiet yn Afrika, dat yn twa dielen útinoar falt. Yn Súdlik Afrika komt dit bist foar yn 'e Karoo en de noardlike Transfaal fan Súd-Afrika, de Kalahary en de Okavangodelta fan Botswana, hiel Namybje útsein oan 'e Skelettekust, súdwestlik Angoala, westlik en súdlik Simbabwe, dielen fan súdeastlik Mozambyk en de grinskontreien fan súdwestlik Sambia. Yn East-Afrika libbet er yn sintraal, westlik en noardeastlik Tanzania (wêrûnder de Serengeti), it noarden fan Malawy, it noardeasten fan Sambia, hiel Kenia, noardlik en noardeastlik Oeganda, de súdlike en súdeastlike grinskriten fan Súd-Sûdaan, de súdlike helte fan Etioopje en it súdlike twatrêdepart fan Somaalje.

Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutearfoks is in hûneftige fan behindige grutte, in bytsje lytser as in foks (Vulpes vulpes) en in bytsje grutter as in kat (Felis catus). Hy hat trochinoar in kop-romplingte fan 46–66 sm, mei in sturtlingte fan 23–34 sm en in gewicht fan 3–5,3 kg. De skofthichte bedraacht 30–40 sm. It meast opfallende lichemsskaaimerk fan 'e grutearfoks wurdt foarme troch de bûtenproposjoneel grutte earen, dy't de hiele kop dominearje. Se binne 11–13 sm lang en rûnich fan foarm. Mei in bytsje fantasij hawwe se wol wat wei fan leppels of sleven, en dêrfandinne dat de grutearfoks ek wol de leppelhûn neamd wurdt. Hoewol't de grutte earen helpe by it opspoaren fan proaien, hawwe se mear mei de ôfjefte fan oerstallige waarmte yn it ramt fan termoregulaasje te krijen as mei it gehoar.
De tosken fan 'e grutearfoks binne folle lytser en hawwe in minder grut snijflak as it gebit fan alle oare hûneftigen, útsein dat fan 'e boskhûn (Speothos venaticus) út Súd-Amearika en de Aziatyske wylde hûn (Cuon alpinus) út Súd- en Súdeast-Aazje. Dat is in oanpassing oan in ynsektivoar dieet.

De pels is oer it algemien taankleurich, mei útsteand griis boppehier. Op 'e bealch en de kiel is de pels ljochter fan kleur, bêzje-eftich. De skonken binne krekt dûnkerder, dûnkerbrún útskaaiend nei swart wat tichter oft men by de poaten komt. De snút, de boppekant en útein fan 'e sturt en in masker oer it gesicht dat oer beide eagen en de rêch fan 'e noas hinne rint, binne swart. De binnenkant fan 'e earen is wyt. Eksimplaren fan 'e Eastafrikaanske ûndersoarte O. m. virgatus hawwe faak bêzje, resp. dûnkerbrún hier dêr't de pels fan 'e nominaat O. m. megalotus út Súdlik Afrika taan resp. swart is.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Grutearfoksen binne goed oanpast foar in bestean yn tige drûge kontreien. Se libje dan ek yn guon fan 'e drûchste woastinen fan Afrika besuden de Sahara, lykas de Kalahary fan Botswana, de Namyb fan Namybje en de Ogaden fan eastlik Etioopje. Dêrnjonken komme se faak foar op steppes en savannes, by wâldsiggen lâns en yn iepen akasiabosken. Wat gerslân oangiet, jouwe se de foarkar oan gebieten dêr't it gers koart holden wurdt troch weidzjende keppels evenhoevigen. Lykwols bejouwe se har foar de jacht ek yn lang gers, en as se har ferskûlje moatte foar gruttere rôfdieren, brûke se dêr ek lang gers of opgeand strewelleguod foar.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutearfoks is yn East-Afrika in folslein nachtdier, dat oerdeis mar selden waarnommen wurde kin. Yn Súdlik Afrika is dit bist yn it simmerhealjier nachts aktyf, mar hjerstmis ferskoot dat nei in patroan wêrby't grutearfoksen yn it winterhealjier hast allinnich mar oerdeis aktyf binne. Territoaria fan grutearfoksen rinne útinoar yn grutte fan 30 ha oant 31/2 km².

Grutearfoksen binne sosjale bisten dy't gauris pearsgewiis of yn famyljegroepen libje. Yn Súdlik Afrika giet it dêrby almeast om monogame pearkes fan in rikel en in moerfoks, dy't yn it foarjier opgroeiende jongen hawwe. Yn East-Afrika kinne grutearfoksen yn pearkes libje, mar ek yn stabile famyljegroepen besteande út twa of trije nau besibbe moerfoksen, in rikel en harren jongen. Grutearfoksen kenne bekende soartgenoaten fan in ôfstân fan 30 m ôf werom. Dat weromkennen hat trije fazen. Earst wurdt de neieroankommende soartgenoat negearre, hoewol't it oare yndividu him der wol bewust fan is. Dan folget in stadium wêrby't yntinsyf nei it neieroankommende bist stoarre wurdt. En stap trije is dat se derop ôfgeane, itsij om in bekende soartgenoat te ferwolkomjen, itsij om in ûnbekende ynkringer te ferdriuwen. Yn dat lêste gefal folget sûnder fierdere warskôging in fûleindige oanfal.
Jeien dogge grutearfoksen ornaris ek yn groepen. Dêrby dielt sa'n groep him dan faak op yn ûnderskate pearkes, dy't itselde gebiet bestrike. As der genôch fretten is, kinne wol 15 ferskillende eksimplaren mei-inoar of ticht byinoar ite. Proaien (d.w.s. termiten) wurde benammen op it gehoar opspoard. It gesichtsfermogen en de rooksin spylje dêrby in folle minder wichtige rol. It ferspriedingsgebiet fan 'e grutearfoks oerlapet dat fan in oare termitefretter, de ierdbaarch (Orycteropus afer), dy't tarist is mei grutte klauwen dêr't er termiteheuvels mei iepenbrekt. De grutearfoks en oare termitesliners, lykas de ierdwolf (Proteles cristatus), meitsje gauris gebrûk fan it sloopwurk fan 'e ierdbaarch om makliker by harren miel komme te kinnen.
Grutearfoksen kommunisearje net folle troch fokalisearrings. Kontaktroppen en warskôgingsroppen wurde wol brûkt, mar fral yn it winterhealjier. It pleatsen fan rookflaggen om har territoarium ôf te setten dogge grutearfoksen net oan, hoewol't pearingsbannen tusken in rikel en in moerfoks foarme lykje te wurden troch rookflaggen opinoar oan te bringen.

Wat de fuortplanting oanbelanget, binne grutearfoksen oer it algemien monogame bisten, dy't it by in fêste pearingspartner hâlde. Yn guon gefallen libje se yn polygyne groepen. Yn ferliking mei oare hûneftigen is der by de grutearfoks sprake fan in omdraaiïng fan 'e geslachtsrollen, mei't de rikel it meastepart fan 'e soarch foar de jongen op him nimt. De peartiid falt yn it neijier, fan septimber oant en mei desimber. De draachtiid duorret 60–70 dagen, wêrnei't it wyfke yn in ûndergrûnske hoale in nêst fan 1–6 jongen smyt. Dy wurde pas mei 98–105 dagen ôfwûn.
Mar los fan it drinke litten fan 'e jongen, dat fansels troch de moerfoks dien wurde moat, nimt de rikel de fersoarging op him. Hy slikket de jongen skjin, begeliedt se, draacht se yn 'e bek fan it ien plak nei it oare wannear't der fan hoale wiksele wurde moat en ferdigenet se tsjin elts gefaar. Underwilens is de moerfoks benammen dwaande mei foerazjearjen, dêr't se har molkeproduksje mei op gong hâldt. Se fuorret de jongen lykwols net troch heal fertard fretten út 'e eigen mage op te koarjen, sa't in protte oare hûneftigen wol dogge. As se 5–6 moannen âld binne, ferlitte de jongen har âlden en geane se har eigen wegen. Mei 8–9 moannen binne se geslachtsryp. De grutearfoks hat yn it wyld in libbensferwachting fan maksimaal 9 jier, hoewol't er yn finzenskip wol 14–17 jier helje kin.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutearfoks is de iennichste wier ynsektivoare hûneftige, dy't suver neat oars as ynsekten fret. Dêrby hat er in dúdlike foarkar foar de Mozambikaanske rispingstermyt (Hodotermes mossambicus), dy't 80–90% fan it dieet útmakket. Wannear't Mozambikaanske rispingstermiten net beskikber binne, nimt de grutearfoks syn taflecht ta in opportunistysk menu dat bestiet út oare soarten termiten, oare ynsekten, lykas eamels, toarren (yn 't bysûnder blêdspriettoarren), imerkes, sprinkhoannen en motflinters, oare lidpoatigen, lykas spinnen, skorpioenen en tûzenpoaten en plantaardich guod, lykas beien, sieden en fruchten.

Soms wurde ek de aaien en piken fan op 'e grûn nêsteljende fûgels fretten, en fierders lytse sûchdieren lykas mûzen en rotten, lytse reptilen lykas hagedissen en skimmels lykas de woastyntruffel (Kalaharituber pfeilii). Grutearfoksen wolle lykwols gjin bek sette op 'e snútrispingstermyt (Trinervitermes trinervoides), wierskynlik om't se net oer de gemyske ferdigeningsstoffen kinne dy't troch dy soarte termyt ôfskaat wurde. Wat drinken oangiet, helje grutearfoksen alles dêr't se ferlet fan hawwe út har dieet fan termiten, dy't in heech fochtpersintaazje befetsje. It is noch nea waarnommen hoe't in grutearfoks wetter dronk út in plasse, poel, beek of rivier.
Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e grutearfoks binne gruttere rôfdieren, lykas de liuw (Panthera leo), de bûnte hyena (Crocuta crocuta), de hyenahûn (Lycaon Pictus) en it loaihoars (Panthera pardus). Dy meitsje oer it algemien gjin jacht op grutearfoksen om't se dy as proai sjogge, mar om't se der in lytser rôfdier yn werkenne en om't se de konkurrinsje útskeakelje wolle. Grutearfoksen dy't deade wurde, bliuwe dan yn 'e regel ek ûnopfretten lizzen, hoewol't fan teminsten ien ridel hyenahûnen waarnommen is dat se wól op grutearfoksen jeie om se op te fretten. Jongen binne fierders kwetsber foar lytsere rôfdieren, lykas jakhalzen en ek foar grutte rôffûgels, lykas de fjochtearn (Polemaetus bellicosus).
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutearfoks hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Der binne foar dit bist gjin spesifike bedrigings identifisearre dy't it fuortbestean fan 'e soarte yn gefaar bringe kinne. Yndividuele eksimplaren kinne soms dea reitsje troch bejaging troch minsken (benammen foar de pels en benammen yn Botswana), troch oanhâldende drûchte, en troch beskate sykten dêr't hûneftigen fetber foar binne, lykas hûnsdûmens (rabiës), hûnesykte en it hûneparvofirus. In sûne populaasje grutearfoksen is lykwols yn it belang fan 'e pleatslike befolking, mei't grutearfoksen de populaasje fan 'e Mozambikaanske rispingstermyt (Hodotermes mossabicus) yn 'e besnijing hâlde, dat in pleachdier is dat it hout yn minsklike wenten oanfret.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne 2 (stân fan saken yn 2005) erkende ûndersoarten fan 'e grutearfoks (Otocyon megalotis):
- de Eastafrikaanske grutearfoks (O. m. virgatus Cabrera, 1910) (East-Afrika)
- de Súdafrikaanske grutearfoks (O. m. megalotis Desmarest, 1822) (de nominaat; Súdlik Afrika)
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Sûchdieresoarte
- Grutearfoks
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Uganda

