Grut-Hermana

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Grut Hermana)
Jump to navigation Jump to search

Grut-Hermana wie in stins yn it doarp Minnertsgea yn de gemeente It Bilt oan de hjoeddeiske Hermanawei, benoardeasten de tsjerke op it steed dêr't no in pleats stiet. Hjir hat it laach Hermana iuwen lang wenne.

Neffens leginden bestie de stins al foar de 8e iuw en waard it werboud yn 807 neidat it ferwoaste wêze soe troch in oerstreaming. Oft dit werklik sa is wurdt betwifele, mar de stins hat al in lange skiednis. De 9e-iuwske Fryske potestaat Hessel Hermana soe der ek wenne hawwe. It laach Hermana hat ek mei oare Fryske edelen fochten yn de krústochten en soe ek meidien hawwe oan de krústochten. De earste konkrete feiten oer de family en state binne fan de 14e iuw. Yn de 16e iuw waard troch Frans fan Hermana Lyts Hermana boud, wêrnei't de stins tenei mei oantsjutten waard as 'Grut Hermana'. De lêste Hermana dy't it hûs bewenne wie Jan Wibrens Hermana, († 1591). Om 1700 hinne hie Tjalling Homme fan Camstra Lyts en Grut Hermana yn eigendom en liet om dy tiid Grut Hermana ôfbrekke. It bestie doe út in stins mei in grêft en singel deromhinne en in pleats besuden dêrfan. De pleats dy't derby stie is nei alle gedachten inkele desennia letter ôfbrutsen, omdat yn in stien yn de skuorre fan de hjoeddeiske pleats de wurden "Groot Hermana Staate en Boere Huis en Schuir Nieuw Geboud en verset in den Jaare 1772" ynmitsele steane. It omgrêfte terrein dêr't de stins op stie waard oant fier yn de 20e iuw It Stinzelân neamd. De grêft waard letter foar in part tichtsmiten foar de bou fan in nijbouwyk. It ienige dat no och oer is fan de state is in stik grêft foar de hjoeddeiske pleats oan de kant fan de strjitte.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Beschrijvinge van de Heerlyckheydt van Frieslandt, atlas van de Heerlijkheid Friesland uit 1664
  • Tegenwoordige staat van Friesland
  • Stinzen yn Fryslân