Springe nei ynhâld

Grut-Baarda

Ut Wikipedy

Grut-Baarda, ek: Bauwerda steenhuys en Baarda, is in stins dy't op Bawert stie besuden Holwert yn de gemeente Dongeradiel. It terrein is beboud. Oan in diel fan de grêft en hege beammen om it terrein is it noch werkenber.

De stins sil ûntstien wêze yn de 14e iuw en wurdt yn 1404 neamd as Bauwerda steenhuys. De namme komt fan de terp Baert. Yn 1404 krige Roward Caymga fan it kleaster Klaarkamp it diel dat it kleaster yn besit hie fan 'Bauwerda steenhuys ende stattim' (in dorso: Bawert steens ende statten, Holwert). Yn ruil krige it kleaster in fenne by Eppamahuys in Holwardera hamrike. Earst yn 1511 binne der wer nije feiten. Jemma Herjuwsma en Juke Ringen (Rinia) binne yn 1511 eigeners fan it ienige op Baerd fermelde goed. Jemma Herjuwsma syn widdo Saepck Itsma beskikte der yn har testamint fan 1562 oer. Yn 1640 wie juffer Douma eigneresse; yn 1511, mar ek yn 1700 waard it goed oanslein foar 15 floreen. At yn 1404 de terp ek, lykas yn 1511 en 1640, mar ien goed telde, dan kin de stins Bauwerda mei FC16 identifisearre wurde. De eigeners fan 1511 soenen dan de rjochtsopfolgers fan Roward Caymga yn 1404 wêze kinne.

Yn 1830 stie op it terrein in pleats; by twa en in heale side fan it rjochthoekige hoarnleger lâns lei in brede grêft. De terp is beskerme. Fan in stins of aadlike behuzing is yn de Nije Tiid gjin sprake mear.

  • Roward Caymga, 1404.
  • ?Jemma Herjuwsma en Juke Rinia, 1511.
  • ?Saepck Itsma, Jemma Herjuwsma syn widdo, testearret 1562.
  • Cunira fan Douma, eigneresse 1640; brûker Pyter Bottes
  • Titia fan Harinxma thoe Slooten yn 1698, brûker Wybe Hylckes (27.55 ha.)
  • bysitter Jan Idzardi eigener yn 1728; Minnolt Sippes brûker.
  • erven Jouert Sippes Stapert fan De Lemmer eigener yn 1832

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: