Springe nei ynhâld

Swarthalskraanfûgel

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Grus nigricollis)
swarthalskraanfûgel
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftkraanfûgeleftigen (Gruiformes)
famyljekraanfûgels (Gruidae)
skaaigewoane kraanfûgels (Grus)
soarte
Grus nigricollis
Przewalski, 1876
IUCN-status: gefoelich
ferspriedingsgebiet

De swarthalskraanfûgel (Grus nigricollis) is in fûgel yn it skaai gewoane kraanfûgels (Grus) út 'e famylje kraanfûgels (Gruidae).

De swarthalskraan wurdt likernôch 139 sm lang, hat in spanwiidte fan sawat 235 sm en in gewicht fan 5,5 kg. De fûgel is wytgriis, mei in swarte kop, swarte wjukfearren en poaten en in swarte sturt. It boppeste diel fan 'e nekke is ek swart. Hy hat in read plak op 'e foarholle en in wyt plakje efter it each. De snaffel is stevich en gielich griis. De skaaien binne ferlykber. De rop is helder en trochdringend.

Kop fan 'e swarthalskraan.

De swarthalskraan is in trekfûgel fan Sina, de Yndiaaske Himalaya en Bûtan. Hy briedt op it Tibetaanske Plato mei in lytse briedpopulaasje yn it tichteby lizzende Ladakh en Kasjmier op hichten tusken 2.600 en 4.900 meter. De fûgel hat seis oerwinteringsgebieten. Meastentiids oerwinteret de fûgel yn legere regio's fan Sina, benammen om de Caohai-mar hinne, mar ek yn Bûtan en noardeastlik Yndia. Eartiids waard de fûgel ek yn Fjetnam oantroffen, mar dêr is de soarte no útstoarn. Ut en troch wurdt de fûgel ek yn Nepal oantroffen.

It habitat fan 'e swartnekkraan bestiet yn it briedseizoen út wiete gebieten op grutte hichten. Yn 'e winter migrearje de fûgels nei legere rivierdellings mei yn 'e neite lizzende nôtfjilden.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Foerazjearjende fûgels yn Ladakh.

De soarte yt benammen woartels en knollen, nôt en lytse bisten lykas ynsekten en kikkerts. In wichtige hoemannichte tiid wurdt bestege oan it foerazjearjen, sawat 75% fan 'e dei, faak oer in flinke ôfstân.

Lykas alle soarten yn syn famylje hat de swartnekkraan in útwrydske balts. Nêsten wurde op lytse eilannen fan drits boud yn ûndjip wetter. Se besteane soms út gers, reid en planten, mar ek wurde de aaien fuort op 'e grûn lein. It lechsel bestiet út ien of twa aaien, dy't troch beide âlden yn 30 oant 33 dagen útbret wurde. Nei't de jongen nei sawat 90 dagen fleane kinne, bliuwt de famylje noch lang byinoar om mienskiplik te foerazjearjen.

De grutte fan 'e oerwinteringspopulaasje yn Sina waard yn 2020 troch BirdLife International op 6.600–6.800 fûgels rûsd. De beskerming fan 'e oerwinteringsgebieten is ferbettere en it briedgebiet wurdt grutter troch smeltende gletsjers. Der binne lykwols soargen dat klimaatopwaarming lang om let liede kin ta ferlies fan habitat. Fierder bliuwe der bedrigingen, ynklusyf de oanwêzigens fan wylde hûnen, fersteuring troch minsklike aktiviteiten, gebrûk fan bestridingsmiddels en botsingen mei boppegrûnske elektrisiteitsliedingen. Dêrfandinne wurdt de soarte as hast bedrige (Near Threatened, 2020) op 'e Reade list fan 'e IUCN klassifisearre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: