Gewoane kraanfûgels
| Gewoane kraanfûgels | ||
| Grus grus | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
| skift: | kraanfûgeleftigen (Gruiformes) | |
| famylje: | kraanfûgels (Gruidae) | |
| ûnderfamylje: | echte kraanfûgels (Gruinae) | |
| skaai | gewoane jraanfûgels (Grus) | |
| Brisson, 1760 | ||
De gewoane kraanfûgels of gewoane kranen (Grus) foarmje it grutste skaai yn de famylje fan 'e kraanfûgels (Gruidae). It skaai waard yn 1760 yntrodusearre troch Mathurin Jacques Brisson yn syn boek Ornithologie (fûgelkunde).
Gewoane kraanfûgels binne middelgrutte oant grutte kranen mei lange poarten en in lange hals, mar trochstrings wat kompakter as de soarten fan 'e saruskraanfûgels (Antigone). It fearrekleed is meast griis, faak mei wite, swarte of reade aksinten op 'e kop en hals en se ha faak mear kontrastearjende patroanen as by de saruskraanfûgels.
De fûgels ha brede wjukken mei sierlike skermfearren (tertials), dy't oer de sturt hingje, mar koarter binne as by bygelyks de blauwe kraan (Anthropoides paradiseus).
Gewoane kraanfûgels komme yn iepen gebieten mei in kombinaasje fan wetter en gerslân of agrarysk lân foar. It binne omnivoaren en se ite sied, nôt, ynsekten en lytse wringedieren. Se briede yn sompen en iepen fjild en in lechsel bestiet út twa aaien.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tradisjoneel waard it skaai Grus hiel breed behannele in in grut tal soarten waarden dêrûnder rekkene. Ut molekulêr ûndersyk die bliken dat it skaai gjin monofyletiske groep foarme. Dêrom waard it skaai yn mear skaaien opdield. Birds of the World brûkt dy nije yndieling[1], mar yn 'e literatuer en databanken wurdt meast noch oan 'e âlde yndieling fêstholden. Ek BirdLife International brûkt noch de âlde yndieling.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Birds of the World ferdielt is skaai yn fiif soarten. It skaai bestiet út seis soarten:
| Ofbyld | Wittenskiplike namme | Fryske namme | Fersprieding | Status/ Trend |
|---|---|---|---|---|
| Grus americana | trompetkraanfûgel | Noard-Amearika | bedrige | |
| Grus grus | kraanfûgel | Europa, Aazje, Noard-Afrika | net bedrige | |
| Grus japonensis* | Sineeske kraanfûgel | Sibearje, Noardeast-Sina, Hokkaidō (Noard-Japan), Koreä, út en troch yn Mongoalje | kwetsber | |
| Grus monacha | muontsekraanfûgel | Súd-sintraal en súdeastlik Sibearje, Mongoalje, Sina. | kwetsber | |
| Grus nigricollis | swarthalskraanfûgel | It Tibetplato en efterôf lizzende dielen fan Yndia en Bûtan. | hast bedrige stabyl[6] | |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
