Springe nei ynhâld

Grousnaffelmiuw

Ut Wikipedy
grousnaffelmiuw
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljeseefûgels (Laridae)
skaaimiuwen (Larus)
soarte
Larus pacificus
Latham, 1801
IUCN-status: net bedrige

De grousnaffelmiuw (Larus pacificus) is in Australyske fûgel yn it skaai miuwen (Larus) út de famylje seefûgels (Laridae).

Grousnaffelmiuw yn 'e flecht.

De grousnaffelmiuw is in grutte miuw mei in lingte fan 62 sm en in spanwiidte fan 147 sm. De miuw is foars grutter as de kelpmiuw, de iennige oare soarte fan it skaai dy't yn Austraalje fûn wurdt. De soarte is meast wyt, mei donkere wjukken en in donkere rêst en in foarse, sterke giele snaffel mei in read plak. De sturt is wyt mei in swarte bân. It jong is wat donkerder as de kelpmiuw, fral ûnder, en hat in foars dikkere snaffel mei in donkere punt.

De grousnaffelmiuw is te ferdielen yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jonge fûgel.

De grousnaffelmiuw briedt yn tinbefolke koloanjes oan kusten en op eilannen tusken septimber en jannewaris.

It iten bestiet út in oantal ferskillende fisksoarten en wringeleazen. Se ite faak krabben, meastentiids fan 'e soarten Ovalipes australiensis en Paragrapsus gaimardii mar ek ôfeart, ynsekten, aaien en piken fan oare seefûgels. Se wurde faak by slachthuzen sjoen, dêr se nei slachtôfeart sykje.

Fûgel dy't it folwoeksen fearrekleed kriget.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in stabile populaasje. Op basis dêrfan kategorisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern, 2018) op 'e Reade list. De populaasje is lykwols relatyf lyts en in rûzing hâldt de folsleine populaasje op 11.000 fûgels.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: