Springe nei ynhâld

Grosseto

Ut Wikipedy
Grosseto
Palazzo Aldobrandeschi
Palazzo Aldobrandeschi
Emblemen
               
Bestjoer
Lânflagge fan Itaalje Itaalje Itaalje
regio Toskane
provinsjeGrosseto
Sifers
Ynwennertal81.294 (31.05.2025)[1]
Oerflak473,55 km²
Befolkingsticht.171,67 ynw/km²
Hichte10 m boppe seenivo
Oar
Postkoade58100
TiidsôneUTC+1
Koördinaten42°46' N 11°06' E
Offisjele webside
www.comune.grosseto.it
Kaart
Grosseto (Itaalje)
Grosseto

Grosseto is in stêd yn 'e Italjaanske regio Toskane, sawat 150 kilometer noardwestlik fan Rome. It is ek de haadstêd fan 'e provinsje mei deselde namme. Grosseto hat 81.294 ynwenners (31.05.2025) en is it sintrum fan 'e Maremma-regio. De stêd leit 12 km fan 'e Tyrreenske kust. De stêd, dy't yn 1138 in biskopssit waard en him letter ûntjoech ta it sintrum fan 'e Maremma-regio, hat in sintrum dat troch muorren omklamme is. In ferneamde biskop fan Grosseto wie Angelo Scola. De stêd hat archeologysk museum mei in soad fynsten út de Etruskyske tiid.

By de gemeente hearre ek Alberese, Batignano, Braccagni, Istia d'Ombrone, Marina di Grosseto, Montepescali, Principina a Mare, Principina Terra, Rispescia, Roselle.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De 12e-iuwske domtsjerke fan Grosseto.
  • De 16e-iuwske stedsmuorren
  • It Fortezza Medicea.
  • It Palazzo Aldobrandeschi (provinsjehûs).
  • Jugendstil gebouwen lykas Palazzo Tognetti en Palazzo del Genio Civile yn 'e âlde stêd en guon monuminten yn 'e wyk Porta Nuova.
  • It Leopold II fan Toscane Canapone Monument yn it sintrum fan it Piazza Dante (makke troch Luigi Magi yn 1846).

Noardlik fan 'e stêd leit de antike stêd Roselle mei in soad resten út de Etruskykse en Romeinske tiid.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: