Springe nei ynhâld

Grutte Keten

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Groote Keeten)
Grutte Keten
Groote Keeten
Tusken Grutte Keten en Julianadoarp, dúngebiet
Tusken Grutte Keten en Julianadoarp, dúngebiet
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Noard-Hollân
gemeente Skagen
Oar
StiftingLikernôch 1610
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten52° 52' N, 4° 43' E
Kaart
Grutte Keten (Noard-Hollân)
Grutte Keten

Grutte Keten (Nederlânsk en offisjeel: Groote Keeten, Westfrysk: Groôte Keete) is in doarp yn 'e gemeente Skagen, yn 'e provinsje Noard-Hollân. It doarp is in baaiplak.

Groote Keeten hjitte oarspronklik fan Dûbelddún. It doarp waard boud op 'e resten fan it oerstreamde eilân 't Oghe. It gebiet dêr't it no leit, waard om 1600 hinne bedike; dat rûn doe hielendal oant Húsdunen ta. De polders wiene in wichtige basis foar it lettere ûntwetterjen fan 'e Anna Paulownapolder en de Wieringerwaard polders.

It plak groeide fan in buorskip út ta in doarp. Yn 1610 waard in soarte fan stedhûs, een bekwame keet, op 'e Helmdijk boud. Sa ûntstie de namme 'de grutte keten', dêr't de buorskip de oarspronklike namme troch ferlear.

It natoerreservaat 't Botgat is in bysûnder plak fanwegen de dúnfoarming yn 'e greiden. Under de Bataafske Republyk wie it yn 1799 in wichtich lâningsplak foar de Ingelske en Russyske legers. Der waard swier fjochte op dat plak, en in protte minsken binne derby ferstoarn. In protte Russyske soldaten waarden hastich begroeven op 'e oanbuorjende dyk; it is lokaal hieltiid noch bekend as it 'Russysk tsjerkhôf'.

It "Heersdiep" wie in grutte ynham dy't djip it lân yngong. It wie eartiids in flechtplak foar skippen dy't by min waar de Noardsee út flechten. Nei it weropbouwen steane dêr no pleatsen.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It dúngebiet is benammen it besjen wurdich, om't it noch oerbliuwsels hat fan it âlde eilân 't Oghe. It doarp hat in byldetún mei de namme 'De Booghgaard'.

Gemeente Skagen
Stêd:
Skagen
Doarpen:
BurgerbrugCallantsoogDirkshornEenigenburgGroenveldGrutte KetenKrabbendamOudesluisPetten't RijpjeSkagerbrêgeSchoorldam (foar in part) • Sint MaartenSint MaartensbrugSint MaartensvlotbrugSint MaartenszeeStroetTjallewalTuitjenhornValkkoogWaarlandWarmenhuizen't Zand
· · Berjocht bewurkje