Groot Kerk (Graaff-Reinet)

Ut Wikipedy
Groot Kerk

Grutte Tsjerke

bouwurk
lokaasje
lân Súd-Afrika
plak Graaf-Reinet
adres 35 Caledon St.
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1882-1887
arsjitekt J. Bisset
boustyl Neogotyk

De Groot Kerk (Afrikaansk) of Grutte Tsjerke is in monumintale 19e-iuwske tsjerke fan de Nederdútsk-Grifformearde mienskip yn de Súdafrikaanske stêd Graaff-Reinet. It neogotyske bouwurk is in ûntwerp James Bisset en waard boud nei't de foargonger te lyts waard foar de gemeente. De tsjerklike gemeente bestiet al sûnt 1792.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stifting fan de gemeente[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de 18e iuw berikten de boeren dy't fanút de Kaap nei it easten lutsen it gebiet fan de Kamdebooflakte en de Sneeuberge (Sniebergen). De earste pleatsen oan de foet fan de Sneeuberge waarden nei 1770 boud. It wie in tiid fan ûnrêst, wetteloasheid en botsings mei de Ksosa's. Mei de oanstelling fan Mauritz Woeke as lândrost yn 1785, dy't de oarde moast hanthavenje, begûn in fredige ûntjouwing fan it doarp. It distrikt en it plak dêr't er him nei wenjen sette ferneamde Woeke nei de gûverneur fan de Kaap, Cornelis Jacob van de Graaff, en syn frou Cornelia, berne Reinet. De grinzen fan it nije bestjoersdistrikt, it fjirde fan it lân nei Kaapstêd, Stellenbosch en Swellendam, waard op 19 july 1786 troch it regear proklamearre.

Foargongers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earst bekende tsjerke fan de gemeente datearre út 1792 en stie oan de Church Street. Dy tsjerke baarnde noch ear't it gebou foltôge wie yn 1799 ôf. De twadde tsjerke waard op it hjoeddeiske plak fan de Grutte Tsjerke op septimber 1800 yn gebrûk nommen.

Nei de twadde Britske besetting fan de Kaap besocht de oerheid om it lân en de ynwenners te feringelskjen. De fiertaal yn it ûnderwiis, fan de oerheid en de tsjerke moast tenei Ingelsk wêze. Der waarden predikanten yn Skotlân helle, mar it mislearre om it Ingelsk yn de Nederdútsk Grifformearde Tsjerke as fiertaal yn te fieren. Guon tsjerken holden wol inkelsktalige tsjinsten, mar de measte Skotske dûmny's learden Nederlânsk en trouden mei Afrikaner famkes. Foar harren positive ynstelling waard mannich doarp nei in Skotske predikant ferneamd, lykas Robertson, McGregor, Sutherland, Fraserburg en Murraysburg. Mei de komst fan de Skotske dûmny Andrew Murray waard yn 1822 útein set mei de bou fan de tredde tsjerke. De tredde tsjerke mei in reiten tek en in klokketoer wie yn 1823 foltôge en bleau foar sechtich jier de tsjerke fan de mienskip.

De hjoeddeiske tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hjoeddeiske tsjerke is de fjirde tsjerke fan de gemeente en waard yn neogotyske styl boud. It ûntwerp mei sterke ynfloeden fan de katedraal fan Salisbury wie ôfkomstich fan de Kaapske arsjitekt James Bisset. Om 1880 hinne hearske yn de streek in tiid fan wolstân en de gemeente naam in beslút om in nije tsjerke te bouwen. Nettsjinsteande dat waarden de boukosten sa leech mooglik holden. De stien foar de nijbou waard yn in groeve by Adendorp úthoud. De eigner fan de grûn, A. Neser, stelde it materjaal om 'e nocht beskikber oan de tsjerke. Oant 1941 moasten de leden fan de tsjerke foar in sitplak alle jierren in bydrage jaan. Der passe likernôch 1.500 minsken yn de tsjerke.

Inkelde ferneamde dûmny's dy't wurken yn de tsjerke wiene Jozua Francois Naudé en Daniël François Malan. Naudé wie de heit fan dûmny Christiaan Frederik Beyers Naudé en in grut strider foar de Afrikaanske taal en kultuer. It wie syn fertsjinst dat it Afrikaansk in plak krige op de yn 1922 stifte fjirde Hegere Folksskoalle fan de Kaapprovinsje. Malan wie fan 1913 oant 1915 as dûmny ferbûn oan de Grutte Tsjerke en waard dêrnei earst redakteur fan it deiblêd Die Burger en letter lieder fan de Nasjonale Partij en lang om let yn 1948 premier fan it lân.

Yn 1927 liede it brûken fan it Afrikaansk ynstee fan it Ingelsk of Nederlânsk op de kânsel ta in skuorring yn de gemeente. In grut tal tsjinstanners stiften in ôfsûnderlike gemeente en lieten in nije tsjerke bouwe om dêr it Ingelsk as kânseltaal te brûken. Fan dat lêste kaam lykwols neat telâne. Wat it tal leden oanbelanget bleau de Grutte Tsjerke troch de tiid in gruttere gemeente.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Afrikaansktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]