Springe nei ynhâld

Groesbeek

Ut Wikipedy
Groesbeek
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Gelderlân
gemeente Berg en Dal
Sifers
Ynwennertal17.160 (2024)[1]
Oerflak35,88 km²
Hichte16,6 - 95,10 m
Oar
Koördinaten51°46' N 5°55'E
Kaart
Groesbeek (Gelderlân)
Groesbeek

Groesbeek is in plak yn 'e Gelderske gemeente Berg en Dal súdeastlik fan Nimwegen. Groesbeek leit yn it Ryk fan Nimwegen yn in heuveleftich en boskryk gea, dat yn Dútslân as it Reichswald fierder giet.

It gebiet foarmet de noardwestlike útrinners fan 'e Nederrynske Heuvelrêch, dy't likernôch 200.000 jier ferlyn yn 'e lêste iistiid ûntstie, it Saalien. Likernôch by it hjoeddeiske Groesbeek einige it gletsjeriis. Op it heechste punt (op 'e Zevenheuvelenweg by kamping Nederrijkswald) mjit Groesbeek 95,10 m boppe it NAP. De plaknamme komt nei alle gedachten fan 'e beek, dy't ea yn eastlike rjochting streamde.

De oarspronklik oan Kosmas en Damianus wijde protestantske tsjerke fan Groesbeek (âldste dielen 15e iuw.

Archeologyske fynsten lykas potten en pannen yn it oanbuorjende Berg en Dal toanden oan dat it plak al sûnt de Romeinske tiid waard bewenne. It plak waard yn 1040 foar it earst neamd, doe't Sindicho fan kening Hindrik III in pleats yn Gronspech yn lien krige. Dy man wie in 'forestarius', in foarrinner fan in wâldgreve, dy't it bosk en de grûn foar de kening of keizer behearde.

Yn'e 10e iuw waard yn Groesbeek in rykshôf boud, it plak foar de kening of keizer dêr't er wie as er it gebiet besocht. Yn 'e 12e iuw waard dat bouwurk wer ôfbrutsen.

Yn it Rykswâld noardlik fan Groesbeek bouden de wâldgreven yn 'e 11e iuw it houten kastiel Watermeerwijk. Om 1265 ferhûzen hja harren wenplak nei Groesbeek, dêr't hja njonken de eardere rykshôf in nije houten wentoer bouden. Lang om let soene dy hearen fan Groesbeek de toer noch twaris ferfange, de lêste toer waard ein 14e iuw ôfbrutsen. Om 1555 hinne bouden de hearen fan Groesbeek in nij kastiel op it plak dêr't earder de rykshôf stie. Dat kastiel waard nei alle gedachten yn 'e 18e iuw ôfbrutsen. De hearen fan Groesbeek besieten ek de hearlikheid Groesbeek, dy't hja yn 1768 ferkochten oan 'e Steaten fan Gelre,

Op 18 july 1828 ûntstie in doarpsbrân troch de ynslach fan 'e bliksem, wêrby't in oantal hûzen ferlern gyng. In grutte linebeam kaam tefoarren dat it fjoer ek nei de tsjerke oersloech. De provinsje Gelderlân holp by it fersêftsjen fan it lijen.

Loftfoto fan Groesbeek foar de Twadde Wrâldkriich.

It doarp bleau earm en dêrfandinne wiene der beroppen lykas boskbeieplukkers of bizembiners. Yn 1905 krige it doarp in molkfabryk en al gau folgen mear lytsere fabrykjes, sadat de wurkgelegenheid wat ferbettere. Ek it toerisme soarge foar mear wurk: nei 1900 iepenen de earste hotels en pensions harren doarren foar minsken dy't dat barre mocht, mar de measte ynwenners bleaunen noch jimmeroan oanwiisd op wurk bûten it doarp.

It yn 1865 iepene spoar Nimwegen-Kleef hie oant en mei oktober 1934 ek in stasjon yn Groesbeek. It spoar sels is yn 1991 hielendal sletten.

Twadde Wrâldkriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Amerikaanske parasjutisten by Groesbeek.

Op 17 septimber 1944 waarden tûzenen alliearde parasjutisten yn Groesbeek dropt yn it ramt fan Operaasje Market Garden. It doel fan dy operaasje wie de oermastering fan 'e brêgen by Eindhoven, Grave, Nimwegen en Arnhim op 'e Dútsers om sa oer de Iselmar it Noard-Dútske leechlân en it yndustriële hert fan Dútslân yn te nimmen. Sa waard hope om de Twadde Wrâldkriich yn Europa noch foar de Kryst te beëinigjen, mar it mislearre. Groesbeek lei oant 8 febrewaris 1945 oan it front, sadat it doarp slim skansearre waard. Noardlik fan it doarp leit in grut earefjild foar soldaten dy't foar ús frijheid fochten.

Groesbeek wie eartiids in selsstannige gemeente. Troch de gemeentlike weryndielingen yn it gebiet om Berg en Dal, Groesbeek en Nimwegen hinne waard op 1 jannewaris 1915 it grutste part fan 'e wyk Kwakkenberg by Nimwegen foege. Yn dy wyk leit it begraafplak Rustoord, dy't bestiet om't de gemeente Groesbeek oan 'e Nederlânks-herfoarme gemeente Nimwegen yn 1895 tastimming joech om dêr it begraafplak oan te lizzen.

Op 1 jannewaris 2015 waard de âlde gemeente Groesbeek gearfoege mei de eardere gemeenten Millingen aan de Rijn en Ubbergen. Sa ûntstie de nije gemeente Berg en Dal.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Kanadeesk earefjild.

Yn it ramt fan 70 jier Market Garden yn 2014 binne op ferskate plakken yn Groesbeek ynformaasjebuorden mei histoaryske foarstellingen set. Alle buorden ha in pear ôfbylden út de earste dagen fan Market Garden en steane op 'e lokaasjes dêr't de ôfbylden makke binne.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Sjoch foar boarnen en referinsjes: [:nl:Groesbeek]