Groß Midlum
| Groß Midlum | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| lânkring | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 760 | |
| Hichte | 0-4 m boppe seenivo | |
| Oar | ||
| Postkoade | 26759 | |
| Koördinaten | 53°24' N 7°9' E | |
| Offisjele webside | ||
| hinte.de/ortschaft/gross-midlum | ||
| Kaart | ||
Groß Midlum is in Ortsteil fan it Eastfryske plak Hinte yn 'e lânkring Aurich yn 'e Dútske dielsteat Nedersaksen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De doarpskearn leit op in terp (Warft yn it Dútsk), dy't ek no noch dúdlik yn it lânskip te sjen is. It plak Midlum waard om 1000 hinne foar it earst fermeld en hiet earder Middilhem. De tafoeging Groß (grut) krige Midlum earst yn 'e 16e iuw om betizing mei Midlum tusken Jemgum en Hatzum yn Reiderlân tefoarren te kommen.

Eartiids wie Groß Midlum de sit fan in haadling en it doarp hie in kastiel, dat as ien fan 'e moaiste gebouwen fan 'e Krummhörn gau. It kastiel waard yn 1830 lykwols ôfbrutsen. Allinnich in stik fan 'e ommuorring fan it terrein is noch bewarre bleaun. Súdlik waard in hearehûs boud, dat ek net mear bestiet en yn 'e jierren 1960 ôfbrutsen waard.
Yn april 1919 fûnen de saneamde spektochten fan arbeiders yn Emden plak. Lânarbeiders sletten harren by de ûnrêst oan. De oproer yn it Reiderlân en yn en om Emden hinne wie it alderslimst yn dit diel fan East-Fryslân. Yn sletten groepen gongen arbeiders nei de omlizzende doarpen en stielen dêr iten fan boeren, itjinge foar reboelje soarge. De ûnrêst bêde wer del nei't der troepen fan 'e Reichswehr stjoerd waarden, mar as reaksje dêrop waarden yn hast alle doarpen yn it gebiet fan Emden boargermilysjes foarme. Ek Groß Midlum hie sa'n milysje besteande út 33 man, dy't 18 wapens hiene. Earst nei in beslút fan 'e Prusyske minister fan Ynlânske Saken, Carl Severing, waarden de milysjes ûntbûn.
It ynwennertal blea oant 1925 ûnder de 400 ynwenners. Hjoed-de-dei is it oantal hast ferdûbele. Om de terp ûnstiene der ferskillende stikjes nijbou.
Oant 1 july 1972 wie Groß Midlum in selsstannige gemeente. Tusken 1899 oant 1963 hie it plak in stasjon oan it spoar Emden-Pewsum–Greetsiel. It earder stasjon wurdt hjoed-de-dei as horekagelegenheid brûkt.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Groß Midlum.
Groß-Midlum hat in yn ferhâlding ta it doarp grutte tsjerke. De klokkesstoel fan 'e protestantsk-grifformearde tsjerke waard yn 1876 ôfbrutsen. Hjoed-de-dei hat de tsjerke in moderne klokkestoel mei twa klokken.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
