Grjintwurker


Grjintwurker is in berop dat yntusken net mear bestiet. Grjintwurkers sniene yn sompige gebieten de wylgetienen fan ferskillende soarten wylgen. De tûken en twigen waarden brûkt foar flechtwurk fan ûnder oare stuolsittingen, foar it fabrisearjen fan houten tonnen as tôgjen, as pealhout foar de boeren en letter ek foar sinkstikken yn de wetterbou.
In grjint is in bosk, faak op sompige grûn, besteande út pôlen mei tûken, meastal fan wylgesoarten. Foarbyld fan in grjint yn Nederlân is te finen yn de Biesbosch, dêr't de grjinttylt fan likernôch 1800 ôf yn swang kaam.
It berop wie tige swier. Benammen yn de Biesbosch wiene de grjintwurkers faak twa wiken fan hûs oant in pream heech oploege wie mei grjinthout. Dêrby wennen se yn hutten fan reid en letter yn wat komfortabeler skûten of houten en letter stiennen húskes.
De grjintwurker hie net it hiele jier wurk. Hy moast it plante- en rispwurk dwaan en it túch wjudzje tusken de wylgen. It berop stie net heech yn oansjen. Harren baas, de grjintbaas, wie gauris begoedige en hie soms tsientallen grjintarbeiders yn tsjinst.
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Over de griendwerker
- Ynterview mei in âld grjintwurker (deade keppeling)