Springe nei ynhâld

Grize tangare

Ut Wikipedy
Grize tangare
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljetangarefûgels (Thraupidae)
skaaiechte tangaren (Tangara)
soarte
Tangara inornata
(Gould), 1855
net bedrige
ferspriedingsgebiet

De grize tangare (Tangara inornata) is in fûgelsoarte yn it skaai echte tangaren (Tangara) út de famylje tangarefûgels (Thraupidae).

De grize tangare is foar it measte in grize fûgel mei swarte wjukken en donkere eachplakken. De ûnderkant fan 'e fûgel is ljochter. Op 'e skouder is in pearsblau plak, mar dat is lestich te sjen. De soarte liket it meast op 'e palmtangare, mar is griis ynstee fan oliifgrien. Ek kin de fûgel by min ljocht betiizge wurde mei de biskopstangare, mar de donkere wjukken fan 'e grize tangare binne mear kontrastearjend. De skaaien binne lyk oan inoar.

Grize tangaren wurde yn trije ûndersoarten ferdield:

  • Tanager inornata rava - komt foar yn 'e Karibyske leechlannen fan súdeastlik Kosta Rika en westlik Panama.
  • Tanager inornata languens - komt foar yn tropysk eastlik Panama en noardwestlik Kolombia.
  • Tanara inornata inornata — komt foar yn noardlik Kolombia (Sinú, lege dielen fan Cauca en de sintrale Magdalena-dellingen).

Grize tangaren wurde yn iepen bosk lykas boskrânen en jong bosk mei strewellen waarnommen. Se wurde faak yn pearkes of lytse kloften sjoen.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearret de soarte dêrfandinne as net bedrige (LC, 2021). De wrâldpopulaasje wurdt tusken de heal miljoen en fiif miljoen folwoeksen fûgels rûsd (2019).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: