Grize pilekaan
| grize pilekaan | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Pelecanus philippensis | ||||||||||||
| Gmelin, 1789 | ||||||||||||
| IUCN-status: hast bedrige | ||||||||||||
De grize pilekaan (Pelecanus philippensis) is in fûgel yn it skaai pilekanen (Pelecanus) út de famylje pilekaanfûgels (Pelecanidae).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De grize pilekaan is in frij grutte wetterfûgel, ien fan 'e grutste lânseigen fûgels yn 'e súdlike dielen fan syn ferspriedingsgebiet ek al is er frij lyts foar in pilekaan. Grize pilekanen wurde 125 oant 152 sm lang en weagje 4,1–6 kg. De spanwiidte kin fariearje fan 2,13 oant 2,50 m, wylst de snaffel 28,5 oant 35,5 sm lang is. De fûgel is meast wyt en hat in grize túf, efterhals en in brunige sturt. De fearren op 'e efterhals binne slaggerich en foarmje in griizige nekketúf. De kielsek is rôze oant pears en hat grutte bleke plakken en de boppesnaffel hat donkere plakken. De punt fan 'e snaffel is giel oant oranje. Yn it briedkleed is de hûd oan 'e basis fan 'e snaffel tsjuster en it orbitale plak is rôze. Yn 'e flecht lykje se net oars as de kroeskoppilekaan, mar de tertials en binnenste sekundêre fearren binne tsjusterder en lâns de gruttere dekfearren rint in bleke bân. De sturt is ek rûner.
Piken sitte yn wyt dons en dêrnei ferearje se yn in griisbûnt fearrekleed. De plakken op 'e snaffel ferskine earst nei in jier. It folwoeksen briedkleed ferskynt yn it tredde jier.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grize pilekaan komt oarspronklik yn Kambodja, Yndia, Yndoneezje (Sumatra), Laos, Myanmar, Nepal, Sry Lanka, Tailân en Fjetnam foar. Eartiids libbe de fûgel ek op 'e Filipinen, mar sûnt 1940 is de fûgel dêr net mear sjoen en oannommen wurdt dat er dêr is útstoarn.
Yn Súd-Koreä komt de fûgel as swalker foar. Yn Bangladesj en Sina wie dat yn it ferline ek sa, mar dêr wurdt er nea mear waarnommen.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fûgels njeskje yn koloanjes en it nêst is in platfoarm fan tûken op in lege beam. It briedseizoen ferskilt fan oktober oant maaie. Yn Tamil Nadu folget it briedseizoen mei it begjin fan 'e noardeastlike moesson. De nêsten wurde meast boud mei oare koloanjefûgels, fral earrebarren. In nêst bestiet út trije oant fjouwer krytwite aaien, dy't nei sawat 30-33 dagen útkomme. De jongen bliuwe trije oant fiif moannen yn of by it nêst.
Oars as de rôze pilekaan foarmje se gjin grutte groepen fiskers en se wurde meast allinnich of yn lytse groepen fiskjend sjoen. Groepen kinne lykwols soms yn in rige stean en fiskjes nei it ûndjippe wetter driuwe.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]BirdLife International rûsde yn 2017 de populaasje op 8,7 oant 12 tûzen folwoeksen fûgels. De oantallen nimme ôf en dêrfandinne wurdt de soarte as hast bedrige (Near Threatened, 2017) klassifisearre op 'e Reade list.
Kultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte waard eartiids yn dielen fan eastlik Bengalen troch fiskers brûkt as lokmiddel foar bepaalde fisken. Dy fiskers leauden dat in oaljeftige ôfskieding fan 'e fûgel bepaalde fisken oanluts lykas Colisa en Anabas. De fûgel hat oanstriid om tichteby minsken te njeskjen. In soad koloanjes binne ferdwûn, mar der binne noch jimmeroan in pear doarpen mei koloanjes, dêr't in soad toeristen op ôfkomme. Bekende doarpen mei koloanjes binne ûnder oaren Kokrebellur, Koothankulam en Uppalapadu.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
