Springe nei ynhâld

Grize kroankraanfûgel

Ut Wikipedy
swarte kroankraanfûgel
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftkraanfûgeleftigen (Gruiformes)
famyljekraanfûgels (Gruidae)
skaaikroankraanfûgels (Balearica)
soarte
Balearica regulorum
Bennett, 1834
IUCN-status: bedrige
ferspriedingsgebiet

De swarte kroankraanfûgel (Balearica regulorum) is ien fan 'e twa soarten yn it skaai kroankraanfûgels (Balearica) út de famylje fan 'e kraanfûgels (Gruidae).

Kop fan 'e grize kroankraan.

Grize kroankraanfûgels wurde 100–110 sm lang, weagje tusken trije oant fjouwer kg en ha in spanwiidte fan 1,80–2,00 m. Syn fearren binne spektakulêr en meast blaugriis mei in swart en wyt gesicht en in kroan fan giele pluimen en in brune sturt. Jonge fûgels binne oer it algemien griis mei brún op 'e kroan en nekke, griis oant brún op it lichem en brune eagen. De swarte kroankraanfûgel ûnderskiedt him fan 'e grize kroankraanfûgel troch syn donkerder laaigrize fearren, lytsere reade plakken op it gesicht en in readwyt plak op 'e wang ynstee fan wyt. Syn rop bestiet út sêfte, relatyf tsjustere en melancholike trompetlûden.

De grize kroankraan komt foar yn eastlik en súdlik Afrika en wurdt yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding ferdield:

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De grize kroankraan libbet op wiet lân, greiden dy't splis steane en wettergebieten, dy't troch minsken makke binne, mar kin breder sjoen wurde yn iepen lânskippen by it sykjen nei iten. De soarte is in stânfûgel, mar kin lokaal nomadysk wêze yn reinseizoenen.

De grize kroankraan wurdt bedrige troch ferlies, fragmintaasje en degradaasje fan habitat, minsklike fersteuring en yllegale streuperij fan sawol fûgels as aaien. As gefolch dêrfan is de soarte sûnt teminsten healwei de jierren 1980 sterk yn oantal ôfnommen. Resinte ynspanningen ta behâld fan 'e populaasje hawwe de oantallen yn Rûanda, Sambia en Uganda fergrutte. De populaasje waard yn 2024 op 20.100 oant 24.600 folwoeksen fûgels rûsd.

De grize kroankraan is de nasjonale fûgel fan Uganda en stiet op 'e flagge en it wapen fan it lân.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: