Grize gril
| Grize gril | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Calidris pusilla | ||||||||||||
| Linnaeus, 1766 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De grize gril (Calidris pusilla) is in fûgel út de famylje fan 'e snipfûgels (Scolopacidae).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De grize gril wurdt likernôch 13 oant 15 sintimeter grut, weaget tusken de 20 en 32 gram en hat in wjukspanwiidte fan 29 oant 30 sm. De snaffel is frij dik; de juvenyl hat de koartste snaffel en it folwoeksen wyfke de langste. Folwoeksen fûgels hawwe swarte poaten.
Yn it simmerkleed is de folwoeksen fûgel hast altiten griisbrún fan boppe. It boarst is streke en it fearrekleed mist de readbrune dielen. De búk en de flanken binne sawol simmerdeis as winterdeis effen wyt. Winterdeis is de fûgel grizer en tige dreech te ûnderskieden fan oare soarten.
Fersprieding en biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte briedt yn it uterste noardeasten fan Sibearje, westlik en noardlik Alaska en noardlik Kanada. It is in trekfûgel dy't oerwinteret oan 'e kusten fan Súd-Amearika benoarden de evener. Guon fûgels migrearje lykwols net fierder as de súdlike Feriene Steaten. Se trekke mei hûnderten oant tûzenen nei harren oerwinteringsgebieten, wêrby't se tuskentiids foerazjearje yn 'e Baai fan Fundy en de Delaware Bay. Regelmjittich komme in pear fûgels foar yn West-Jeropa; yn Nederlân is dizze soarte ek út en troch as dwaalgast waarnommen.
Briedgedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel briedt by wetter op 'e súdlike tûndra fan Kanada en Alaska. It nêst wurdt op 'e grûn makke. It mantsje makket meardere ûndjippe kûltsjes, wêrnei't it wyfke der ien útkiest foar it meitsjen fan it nêst. Sy makket it nêst fan gers en oare materialen. Der wurde fjouwer aaikes lein. It mantsje helpt mei by it útbrieden. Nei it útkommen fan 'e aaien lit it wyfke nei in pear dagen de jonge piken by it mantsje efter. De jongen soargje dan al foar harren eigen iten. De fûgels sykje harren iten yn it slyk.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutte fan 'e populaasje is yn 2024 op 9 miljoen oant 11 miljoen folwoeksen fûgels rûsd, mar der wurdt fan útgien dat dit tal sterk ôfnimt. Op 'e Reade List fan 'e IUCN hat dizze soarte dêrom de status gefoelich (Near Threatened).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Gril
- Lânseigen fauna yn Anguilla
- Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda
- Lânseigen fauna yn Argentynje
- Lânseigen fauna yn Arûba
- Lânseigen fauna yn de Bahama's
- Lânseigen fauna yn Barbados
- Lânseigen fauna yn Belize
- Lânseigen fauna yn Bermuda
- Lânseigen fauna yn Bolivia
- Lânseigen fauna yn Bonêre
- Lânseigen fauna yn Sint-Eustasius
- Lânseigen fauna yn Saba
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen
- Lânseigen fauna yn Sily
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Kuba
- Lânseigen fauna yn Kurasau
- Lânseigen fauna yn Dominika
- Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn El Salvador
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana
- Lânseigen fauna yn Grenada
- Lânseigen fauna yn Gûadelûp
- Lânseigen fauna yn Gûatemala
- Lânseigen fauna yn Guyana
- Lânseigen fauna yn Haïty
- Lânseigen fauna yn Hondoeras
- Lânseigen fauna yn Jamaika
- Lânseigen fauna yn Martinyk
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Montserrat
- Lânseigen fauna yn Nikaragûa
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Paraguay
- Lânseigen fauna yn Perû
- Lânseigen fauna yn Porto Riko
- Lânseigen fauna yn Ruslân
- Lânseigen fauna yn Sint-Marten
- Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy
- Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis
- Lânseigen fauna yn Sint-Lusia
- Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon
- Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen
- Lânseigen fauna yn Suriname
- Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago
- Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Oerûguay
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
- Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen
- Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen
- Lânseigen fauna yn Alaska
