Grize goars
| grize goars | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Mantsje Wyfke | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Emberiza cia | ||||||||||||
| Linnaeus, 1766 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De grize goars (Emberiza cia) is in sjongfûgel út 'e famylje fan 'e goarsfûgels (Emberizidae). De soarte komt foar yn Noard-Afrika, Europa en Aazje.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grize goars is 15 oant 16,5 sm lang, fan it puntsje fan 'e snaffel oant de ein fan 'e sturt. It briedende mantsje hat kastanjebrune boppedielen mei donkere streken, in grize kiel en in griis boppeboarst en in fierder ljochtbrune ûnderkant. De grize kop hat swarte streekjes.
It wyfke is in fletsere ferzje fan it mantsje, mei in ljochtere ûnderkant mei lytse streekjes, in griisbrune rêch en in kop mei minder kontrast.
De juvenyl liket op it wyfke, mar hat in kop mei streekjes.
De streke goars (Emberiza striolata), dy't in soad fan 'e grize goars hat, hat in hielendal grize krún.
Fersprieding en libbensgebiet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte briedt yn in gebiet dat him útwreidet fan Noardwest-Afrika, oer it suden fan Europa, Turkije en Iran, oant yn 'e Himalaya. Yn syn briedgebiet is de grize goars benammen in stânfûgel, hoewol't de noardlikste populaasjes winterdeis nei it súdlike diel fan it ferspriedingsgebiet migrearje.
It libbensgebiet bestiet út rotsige hellingen yn berchgebieten boppe de beamgrins, yn terrein dat mar tin begroeid is mei toarnstrûken, gers en krûdeftige planten. Pleatslik komme der ek populaasjes op seenivo foar, yn keal, rotsich en mar tin begroeid terrein. Yn Dútslân komt de soarte foar op steile berch- en heuvelhellingen mei wyngerds, ûnder oare oan 'e Ahr, de Mûzel en de Ryn besuden Königswinter.
De soarte bestiet út seis ûndersoarten:
- E. c. cia: fan Sintraal- en Súd-Europa oant de Balkan en noardlik Turkije, en yn Noardwest-Afrika.
- E. c. hordei: fan Grikelân oer it suden fan Turkije oant Israel en Jordaanje.
- E. c. prageri: yn 'e Kaukasus, súdlik Oekraïne, eastlik Turkije en súdwestlik en noardlik Iran.
- E. c. par: fan noardeastlik Iran oant Sintraal-Aazje en noardlik Pakistan.
- E. c. stracheyi: fan 'e noardwestlike Himalaya oant súdwestlik Tibet en Nepal.
- E. c. flemingorum: yn sintraal Nepal.
Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grize goars is in tige seldsume dwaalgast yn Nederlân. Yn 2011 is de fûgel op Skier waarnommen.[1]
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De soarte briedt op 'e grûn yn drûch, rotseftich terrein. It nêst is komfoarmich en bestiet út moas of gers, dat mei finer materiaal, lykas hier, beklaaid wurdt. In lechsel bestiet út 3 oant 5 smoarchwite aaikes mei grize spikkeltsjes en in lingte fan likernôch 21 millimeter. De aaikes wurde yn 12 of 13 dagen útbret.
Yn geunstige jierren, of as it earste lechsel ferlern giet, kin der in twadde lechsel folgje. De jongen wurde grutbrocht mei ynsekten; âldere fûgels ite ek sied.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutte fan 'e wrâldpopulaasje waard yn 2021 op 10 oant 21 miljoen folwoeksen eksimplaren rûsd en de soarte hat in stabile trend. Dêrfandinne stiet de grize goars as net bedrige op 'e Reade List fan 'e IUCN.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Goars
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Syprus
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn San Marino
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
