Springe nei ynhâld

Grize glânsstaar

Ut Wikipedy
grize glânsstaar
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljeprotterfûgels (Sturnidae)
skaaiglânsstaren (Lamprotornis)
soarte
Lamprotornis unicolor
Shelley, 1881
IUCN-status:

De grize glânsstaar of grize glânsprotter (Lamprotornis unicolor) is in fûgel yn it skaai glânsstaren (Lamprotornis) út de famylje fan 'e protterfûgels (Sturnidae). Guon taksonomen sette de fûgel yn it skaai Cosmopsarus of Spreo.

Kop fan 'e fûgel.

In folgroeide fûgel is likernôch 30 sm grut. Alle fearren binne griis; yn it prachtkleed jouwe de wjukken, de sturt en de rêch in donkere oliifkleurige glâns. De snaffel en poatsjes binne griis, de eagen ljochtgiel mei in donkere, wynreade ring om de pupil.

Jonge fûgels binne bleker, ha donkere eagen en in koartere sturt.

De fûgel is endemysk yn Tanzania en komt as dwaalgast yn Kenia foar. Se libje op gerslân en savannes mei hjir en dêr wat beammen op in hichte tusken 1000 en 1850 m. Se wurde meastentiids yn lytse kloften sjoen as se op 'e grûn foerazjearje.

De fûgel is monotypysk, itjinge betsjut dat der gjin ûnderferdieling yn ûndersoarten is.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret de soarte as net bedrige (LC, 2024). Der is neat bekend oer de trend fan 'e populaasje.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: