Grize foksen
| grize foksen | ||
| In eilânfoks (Urocyon littoralis). | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
| klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
| skift: | rôfdieren (Carnivora) | |
| ûnderskift: | hûndieren (Caniformia) | |
| famylje: | hûneftigen (Canidae) | |
| ûnderfamylje: | echte hûneftigen (Caninae) | |
| tûke: | grize foksen (Urocyonini) Baird, 1857 | |
| skaai: | grize foksen (Urocyon) | |
| Baird, 1857 | ||
| Ferspriedingsgebiet | ||
| De fersprieding fan 'e grize foksen. de grize foks (Urocyon cinereoargenteus) de eilânfoks (Urocyon littoralis) de Cozumelfoks (Urocyon sp.) | ||
De grize foksen (wittenskiplike namme: Urocyon) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e hûneftigen (Canidae), de ûnderfamylje fan 'e echte hûneftigen (Caninae) en de lyknammige tûke fan 'e grize foksen (Urocyonini). Hoewol't dizze bisten "foksen" neamd wurde en der útsjogge as foksen, binne se eins net nau oan 'e (echte) foksen besibbe. Grize foksen komme foar yn dielen fan sawol Noard- as Súd-Amearika. Der binne twa libbene soarten beskreaun, hoewol't der nei alle gedachten noch in trêdenien bestiet. Fossilen jouwe oan dat grize foksen teminsten tebekgeane oant it Mioseen.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It skaai fan 'e grize foksen (Urocyon) waard yn 1857 yntrodusearre troch de Amerikaanske soölooch Spencer Fullerton Baird. De wittenskiplike namme dy't hy oan it skaai joech, Urocyon, is gearstald út twa Grykske wurdfoarmen: οὐρά, oura, dat "sturt" betsjut, en κύων, kyon, dat "hûn" betsjut. Letterlik is de betsjutting dus: "sturthûnen". De typesoarte fan it skaai is de grize foks (Urocyon cinereoargenteus). Ut in genetysk ûndersyk út 2005 die bliken dat de grize foksen de basaalste (âldste) foarm fan libbene hûneftigen fertsjintwurdigje. De grize foksen wurde beskôge as de susterkloft fan alle oare libbene hûneftigen.
Evolúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fossilen fan 'e hegere grize foks (Urocyon progressus) binne fûn yn 'e Amerikaanske steat Kansas en datearje út it Ier-Plioseen (5,3–3,6 miljoen jier lyn). It tinken is dat alle lettere foarmen, de libbene soarten ynbegrepen, fan dat bist ôfstamje. Guon noch ûnbeskreaune fossilen geane noch fierder tebek, teminsten oant it Mioseen (23–5,3 miljoen jier lyn).
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Libbene soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
Fossilen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Citrusfoks (Urocyon citrinus): Ier-Pleistoseen fan (Citrus County yn) Floarida
- galushafoks of Galusha's foks (Urocyon galushai): Ier-Pleistoseen fan Arizona
- hegere grize foks (Urocyon progressus): Ier-Plioseen fan Kansas
- lytskopfoks (Urocyon minicephalus): Let-Pleistoseen fan Floarida
- webbfoks of Webbs foks (Urocyon webbi): Let-Mioseen fan Floarida
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
