Springe nei ynhâld

Griltsje

Ut Wikipedy
Lytse gril (of griltsje)
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljesnipfûgels (Scolopacidae)
skaaigrillen (Calidris)
soarte
Calidris minuta
Leisler, 1812
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet


     briedfûgel
     trekfûgel
     net-briedfûgel


     dwaalgast
1. Alaska,
2. Kalifornje


It griltsje of de lytse gril (Calidris minuta) is in frij lytse trekfûgel út de famylje fan 'e snipfûgels (Scolopacidae). De fûgel waard yn 1812 troch de Dútske dokter en biolooch Johann Philipp Achilles Leisler offisjeel dokumintearre as Tringa minuta.

It griltsje in lytse fûgel mei in smelle donkere snaffel, donkere poaten en in tige rappe motoryk. Hjirtroch is it in werkenbere soarte om te ûnderskieden yn in groep steltrinners, útsein fan oare grillen mei donkere poaten. It is yn alle fearrekleden te werkennen troch de kombinaasje fan in hiel smel snaffelpuntsje, teannen sûnder swimfluezzen en in heech bewegingsritme. By it griltsje stekke de wjukken in ein foarby de sturt stekke. De rop is in skerp, koart lûd dat klinkt as "stt".

In briedend griltsje hat in oranjeftige gloed op it boarst, in wite kiel en in dúdlike wite V op 'e rêch. Winterdeis is it fearrekleed minder dúdlik en fealer en lykje juvenilen en folwoeksen fûgels mear op inoar.

Ofbylden

It is in hiel lytse steltrinner dy't op 'e tûndra briedt yn it hege noarden fan Jeropa en Aazje. As trekfûgel leit er in lange ôfstân ôf om te oerwinterjen yn it suden fan Afrika en Aazje. Bytiden wurde der ek eksimplaren oantroffen yn Noard-Amearika. Yn 'e winter, flak foar't de trek begjint, wurde der grutte groepen foarme dy't ek út oare soarten fan it skaai besteane; de sammelplakken binne waadgebieten oan 'e kust of rânen fan binnenmarren. Op 'e trek wurdt de lytse gril ek oan 'e Noardseekust oantroffen.

Yn Nederlân wurde de fûgels fan 'e soarte yn 'e moannen augustus oant en mei oktober op 'e trek waarnommen. De oantallen kinne ôfhinklik fan it briedsukses tige ferskille, mar binne net grut. Se binne fral oan 'e kust te sjen, somtiden ek mear ynlânsk.

It griltsje libbet fan lytse wringeleaze bistkes, dy't er yn 'e dridze siket.

Aaikes.

It nêst is in kûltsje op 'e neakene grûn, faak beklaaid mei wat planteresten. Yn dy kûle wurde trije oant fiif aaien lein troch ferskate wyfkes. De soarte is polyandrysk, wat ynhâldt dat de wyfkes mei meardere mantsjes pear. Beide skaaien briede ek ûnôfhinklik fan inoar ferskate nêsten út.

De grutte fan 'e populaasje waard yn 2015 rûsd op goed 1 oant 1,1 miljoen folwoeksen fûgels. Op 'e Reade List fan 'e IUCN hat dizze soarte de status net bedrige (Least Concern) en oannommen wurdt dat de oantallen tanimme.

De oantallen fan 'e fûgels binne streekrjocht keppele oan 'e populaasje fan 'e lemming. As der in soad lemmingen foar rôffûgels binne, kin de populaasje groeie, mar yn jierren mei lytse populaasjes lemmingen sille rôfdieren lykas de snie-ûle en skraitsfûgels earder de nêsten fan griltsjes plonderje.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: