Springe nei ynhâld

Griiswite kobben

Ut Wikipedy
Griiswite kobben
skattermiuw (Leucophaeus atricilla)
skattermiuw (Leucophaeus atricilla)
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
klasse:fûgels (Aves)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
skift:wilstereftigen (Charadriiformes)
famylje:seefûgels (Laridae)
skaai:griiswite kobben (Leucophaeus)
Bruch, 1855
Soarten
dolfynmiuw
lavamiuw
lytse prêrjemiuw
skattermiuw
skiere miuw

De griiswite kobben (Leucophaeus) foarmje in skaai fan fûgels yn 'e famylje fan 'e seefûgels (Laridae). De soarten yn dit skaai komme foaral foar yn Amearika.

Foar in hiel skoft waarden de soarten fan dit skaai yndield by it grutte skaai Larus. Nei fylogenetysk ûndersyk yn 2005 die lykwols bliken dat dy yndieling net foldie, om't it skaai Larus dêrtroch parafyletysk waard. Dêrom waard it skaai Leucophaeus, dat oarspronklik yn 1855 yntrodusearre waard troch de Dútske ornitolooch Carl Friedrich Bruch, wer yn gebrûk nommen. De namme Leucophaeus is in gearstalling út it Aldgryksk: leukos ("wyt") en phaios ("tsjuster").

It skaai omfettet de folgjende fiif soarten:

OfbyldFryske nammeWittenskiplike nammeFerspriedingStatus / Trend
dolfynmiuwLeucophaeus scoresbiiSúd-Amearika (Patagoanje)net bedrige[1]
lavamiuwLeucophaeus fuliginosusGalapagoseilannenkwetsber[2]
lytse prêrjemiuwLeucophaeus pipixcanNoard-Amearikanet bedrige[3]
skattermiuwLeucophaeus atricillaNoard-Amearika en Karibennet bedrige[4]
skiere miuwLeucophaeus modestusSúd-Amearikanet bedrige[5]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: