Griiskopputter
| Griiskopputter | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Carduelis caniceps | ||||||||||||
| Vigors, 1831 | ||||||||||||
| IUCN-status: net evaluearre (faak ûnder C. carduelis) | ||||||||||||
De griiskopputter of eastlike putter (Carduelis caniceps) is in lytse moskeftige fûgel út de famylje fan 'e finkfûgels (Fringillidae). Hy is nau besibbe oan 'e yn Europa bekende putter (Carduelis carduelis), mar ûnderskiedt him troch it ûntbrekken fan it swart-wite patroan op 'e kop.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De eastlike putter is likernôch 12 oant 13,5 sintimeter lang. It meast opfallende ferskil mei de gewoane putter is de kop: op it plak dêr't de gewoane putter in swarte pet en in wite nekke hat, is de eastlike putter folslein griis. Fierder is de griiskopputter op 'e boppe en ûnderkant folle grizer en hat er in wite búk, wylst de putter dêr waarmbrún is. It reade masker is by de griiskopputter wol oanwêzich, mar faak wat lytser of minder skerp ôftekene. De hoarnkleurige, skerpe snaffel fan 'e griiskopputter is wat langer as dy fan 'e gewoane putter. De wjukken hawwe it karakteristike patroan fan 'e putter: swart mei in brede, felgiele bân. De poatsjes binne fleiskleurich oant ljochtbrún.
| Eastlike putter of griiskopputter (Carduelis caniceps) |
Putter of distelfink (Carduelis carduelis) |
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De eastlike putter komt foar yn 'e sintrale dielen fan Aazje. It ferspriedingsgebiet rint fan it easten fan Iran, oer Afganistan en Pakistan, oant yn 'e Himalaya, Tibet en it súden fan Sibearje. Dizze fûgels libje yn iepen bosken, yn tunen en agraryske gebieten, faak yn heuveleftige of bercheftige kriten. Ofhinklik fan it klimaat kinne it stânfûgels wêze, mar populaasjes út it hege noarden lûke winterdeis nei it suden.
De taksonomyske status fan 'e griiskopputter is in punt fan diskusje. Der binne ferskate ûndersoarten beskreaun:
- C. c. subulata – noardeastlik Kazachstan, súd-sintraal Ruslân (eastlik oant de Baikalmar) en noardwestlik [Mongoalje]]; bûten it briedseizoen yn súdwestlik en sintraal Aazje.
- C. c. paropanisi – westlik Turkmenistan en noardeastlik Iran eastlik oant noardlik, sintraal en eastlik Afganistan, westlik Pamir, Tiensjan, súdeastlik en eastlik Kazachstan, en noardwestlik Sina (noardeastlik Xinjiang)
- C. c. caniceps – westlik en noardlik Pakistan (Baluchistan en Khyber Pakhtunkhwa), Kasjmir en de noardwestlike Himalaya eastlik oant sintraal Nepal en súdwestlik Sina (súdwestlik Tibet)
- C. c. ultima – súdlik Iran (súdeastlik Fars en Kerman)
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Lykas de oare fûgels fan it skaai yt de griiskopputter sied. Se hawwe in foarkar foar it sied fan 'e cirsium, mar se ite ek sied fan oare krûden en beammen (lykas de els). Mei harren skerpe snaffel kinne se sied handich út de flúskes pelle. Yn 'e briedtiid wurde ek lytse ynsekten iten.
Dêr't de ferspriedingsgebieten fan 'e eastlike en de westlike putter inoar oerlaapje (yn bygelyks Sintraal-Aazje), wurde faak krusingen sjoen dy't tuskenbeiden skaaimerken hawwe.
Beskerming
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte wurdt troch de IUCN as net bedrige (Least Concern) op 'e Reade list klassifisearre. Oannommen wurdt dat de populaasje stabyl is.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Putter
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
