Springe nei ynhâld

Griiskopparkyt

Ut Wikipedy
Griiskopparkyt
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift pappegaai-eftigen (Psittaciformes)
famylje pappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittacoidea)
skaai ealparkiten (Psittacula)
soarte
Psittacula finschii
Hume, 1874
IUCN-status: gefoelich

De griiskopparkyt of Finsch' parkyt (Psittacula finschii) is in pappegaaieftige fan it skaai ealparkiten út de famylje pappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittaculidae).

Wyfke.

De 36 oant 40 sm lange fûgel liket in soad op 'e Himalayaparkyt (Psittacula himalayana). Earder waard de griiskopparkyt as in ûndersoarte fan 'e Himalayaparkyt behannele, mar se oerlaapje inoar net yn it ferspriedingsgebiet. De griiskopparkyt is wat lytser en hy hat in ljochtere grize kop as de Himalayaparkyt.

It mantsje fan 'e griiskopparkyt hat in donkergrize kop mei in smelle swarte kraach, dy't nei de kiel ta breder wurdt en omheech rint. De kop fan it wyfke is folle ljochter griis en de swarte kraach ûntbrekt. Mantsjes en wyfkes fan 'e soarte ha in reade snaffel en fierder oer it algemien in grien fearrekleed mei in lange, blau mei griene sturt.

De soarte komt fan it meast eastlike diel fan Yndia oant súdlik Sina, Birma en Yndosina foar yn iepen bosk en kultivearre gebieten oant 3800 m hichte. De fûgels ite knoppen, figen, nôt, sied, fruit en blommen. Yn Sintraal- en Sud-Birma briedt de fûgel tusken jannewaris en maart. In nêst bestiet út likernôch 4 aaien.

It is net bekend hoe grut de populaasje is, mar oannommen wurdt dat de soarte yn oantal tebekrint. It ferlies fan it oarspronklike biotoop hat lykwols minder grutte gefolgen om't de fûgel him ek oanpast oan kultivearre lân en mear iepen gebieten. De hannel dêrfoaroer yn fral Birma en Sina is wol in soarch. Dêrnjonken giet de soarte ek achterút troch it kappen fan geskikte nêstbeammen. Op 'e Reade list fan 'e IUCN is de soarte dêrom as gefoelich klassifisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: