Springe nei ynhâld

Griiskopmiuw

Ut Wikipedy
griiskopmiuw
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljeseefûgels (Laridae)
skaaikobben (Chroicocephalus)
soarte
Chroicocephalus cirrocephalus
Vieillot, 1818
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet
donkergrien: briedgebiet
ljochtgrien: fersprieding bûten jit briedgebiet

De griiskopmiuw (Chroicocephalus cirrocephalus) is in lytse miuwesoarte dy't ferspraat briedt yn Súd-Amearika en yn Afrika besuden de Sahara. De fûgel is net echt in trekfûgel, mar ferspraat him wol, wêrtroch't er winterdeis op mear plakken te sjen is. Lykas by in soad oare miuwen it gefal is, waard de soarte fan âlds yn it skaai Larus pleatst. Resint ûndersyk wiist derop dat de Súd-Amearikaanske en Afrikaanske populaasjes twa aparte, foar it each identike soarten wêze kinne.

Juvenyl yn Argentynje.

De griiskopmiuw is mei in lingte fan 42 sm wat grutter as de swartkopmiuw. De folwoeksen fûgel hat simmerdeis in ljochtgrize kop en in griis lichem, dat wat donkerder fan toan is as dat fan 'e swartkopmiuw. In oar ferskil is dat de wjukken yn 'e flecht breder binne as dy fan de swartkopmiuw. De swarte punten oan 'e bûtenste slachpinnen hawwe opfallende wite plakken. De ûnderkant fan 'e wjuk is donkergriis mei swarte wjukpunten. De griiskopmiuw hat in reade snaffel, reade poaten en in wite iris. De grize kop ferdwynt winterdeis, wêrby't allinnich twa donkere plakken om en efter it each oerbliuwe. De skaaien lykje op inoar.

It duorret twa jier om folwoeksen te wurden; fûgels yn it earste jier hawwe in swarte sturtbân en mear donkere parten yn 'e wjukken. It each is donker by jonge fûgels.

Fersprieding en taksonomy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op it stuit wurde der twa ûndersoarten erkend:

  • C. c. cirrocephalus (Vieillot, 1818) – Súd-Amearika
  • C. c. poiocephalus (Swainson, 1837) – Afrika

Se binne skraachwurk fan inoar te ûnderskieden; de Súd-Amearikaanske ûndersoarte is wat grutter en ljochter op 'e rêch as de Afrikaanske ûndersoarte, en hat in krekt wat grutter wyt plak op 'e twa bûtenste slachpinnen. Resint genetysk bewiis stelt foar om se yn twa aparte soarten te ferdielen, om't de Afrikaanske ûndersoarte C. c. poiocephalus mooglik nauwer besibbe is oan 'e (ek Afrikaanske) Hartlaubmiuw (C. hartlaubii) as oan 'e Súd-Amearikaanske nominaatfoarm C. c. cirrocephalus. As dat nei ferifikaasje befêstige wurdt, dan soe dat betsjutte dat it Afrikaanske takson as in aparte soarte ôfsplitst wurde moat om parafyly te foaren te kommen. Dat is lykwols (anno 2026) noch net oernommen troch de IOC World Bird List.[1]

Ofbylden sulverkopmiuwen

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgel is lokaal talryk en briedt yn grutte koloanjes yn reidfjilden en sompen; se lizze twa of trije aaien yn in nêst, dat op de grûn of driuwend wêze kin. Lykas de measte miuwen binne se winterdeis tige sosjaal, sawol by it iten as op 'e rêstplakken. Hoewol't de fûgel benammen by de kust of yn estuaria foarkomt, is it gjin pelagyske soarte en wurdt er selden fier op see sjoen. As de omstannichheden om te foerazjearjen geunstich binne, kinne der swarmen fan hûnderten of tûzenen fûgels foarmje. It is in lûdroftige soarte, benammen yn koloanjes.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje. Oannommen wurdt dat de wrâldpopulaasje stabyl is. Op basis fan dy kritearia kategorisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: