Griiskopljip
| griiskopljip | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Vanellus cinereus | ||||||||||||
| Blyth, 1842 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De griiskopljip (Vanellus cinereus) in fûgel yn it skaai ljippen (Vanellus) út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De griiskopljip is in 34-37 sm lange fûgel mei lange giele poaten en in giele snaffel mei in swarte punt. Lykas de namme al seit hat er in grize kop en nekke. De fûgel hat in donkergrize boarstbân en in wite búk, wylst de rêch brún is en de sturt wyt mei in swarte einbân. Yn 'e flecht kontrastearje de swarte haadslachpinnen mei de wite sekundêre slachpinnnen en brune boppewjukdekfearren. Hijkes en sijkes binne gelyk, mar it hijke is wat grutter as it sijke. Jonge fûgels binne griis, dêr't folwoeksen fûgels wyt binne, de boarstbân is minder dúdlik en oan 'e boppekant binne de fearpunten bleek.
Fersprieiding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel briedt yn noardeastlik en eastlik Sina (Binnen-Mongoalje, sintraal Mantsjoerije, Jiangsu en Fujian), oangrinzgjende dielen fan Ruslân en yn Japan. Winterdeis migrearret er nei Súd-Aazje fan Nepal, noardlik en noardeastlik Yndia en Bangladesj oant súd-sintraal Sina en noardlik Yndosina, somtiden fierder nei it suden.
Fryslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn maaie 2019 waard in fûgel yn Noarwegen warnommen. In pear dagen letter waard nei alle gedachten deselde fûgel yn 'e omkriten fan Kristinehamn yn Värmlands län (Sweden) sjoen. Ein juny waard er ek yn 'e Warkumermar yn Fryslân sjoen.
Systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Genetyske stúdzjes ha útwiisd dat de griiskoplip it meast besibbe is oan 'e Vanellus leucurus en de Vanellus gregarius. De fûgel wurdt as monotypysk behannele, wat sizze wol dat der gjin ferdieling yn ûndersoarten is.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) neamt de fûgel dêrom as net bedrige (Least Concern, ). De wrâldpopulaasje wurdt tusken 25.000 en 100.000 fûgels rûsd.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Ljip
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Kambodja
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn de Filipinen
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä
- Lânseigen fauna yn Taiwan
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
