Springe nei ynhâld

Griiskopiisfûgel

Ut Wikipedy
Griiskopiisfûgel
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôldereftigen (Coraciiformes)
famyljeiisfûgels (Alcedinidae)
skaaiechte beamiisfûgels (Halcyon)
soarte
Halcyon leucocephala
Linnaeus, 1766
IUCN-status: net bedrige

De griiskopiisfûgel (Halcyon leucocephala) is in fûgel fan it skaai echte beamiisfûgels (Halcyon) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).

De griiskopiisfûgel is in lytse fertsjintwurdiger yn it skaai en wurdt likernôch 22 sm grut. De fûgel hat in reade snaffel, in grize kop oant by de kiel hast wyt, in readbrune búk en swart en blauwe fearren op 'e boppekant fan 'e wjukken. Lykas de snaffel binne ek de poaten read.

It ferspriedingsgebiet fan 'e griiskopiisfûel leit yn Afrika besuden de Sahara. It leit fan 'e Kaapverdyske eilannen yn it westen oant it Arabysk skiereilân yn it easten en oant Súd-Afrika yn it suden.

Der binne fiif ûndersoarten bekend:

Undersoarten
Wittenskiplike
namme
BeskriuwerFersprieding
Halcyon leucocephala acteonLesson (1830)Brava, Fogo en Santiago.
Halcyon leucocephala leucocephala' Müller
(1776)
Fan Senegal en Gambia oant yn Noardwest-Somaalje en Noard-Tanzania en it noarden fan 'e Demokratyske Republyk Kongo.
Halcyon senegalensis cyanoleucaGmelin
(1788)
It suden fan it Arabysk Skiereilân.
Halcyon leucocephala semicaeruleaReichenow
(1900)
Fan Súdeast-Somaalje oant Tanzania.
Halcyon leucocephala pallidiventrisCabanis
(1881)
Fan it suden fan 'e Demokratyske Republyk Kongo oer it noardwesten fan Tanzania en súdlik oant yn it noarden fan Súd-Afrika.
Griiskopiisfûgel yn Kenia.

It iten fan 'e soarte bestiet út ynsekten (imerkes), lytse reptilen en amfibyen.

De soarte hat in tige grut ferspriedingsgebiet. Der bestiet gjin rûzing fan 'e grutte fan 'e populaasje en oannommen wurdt dat de oantallen stabyl binne. Dêrfandinne wurdt de fûgel op 'e Reade list troch de IUCN as net bedrige klassifisearre.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sjoch foar boarnen en/of referinsjes op de:Senegalliest