Springe nei ynhâld

Griiskopgoudfink

Ut Wikipedy
griiskopfink
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljefinkfûgels (Fringillidae)
skaaigoudfinken (Pyrrhula)
soarte
Pyrrhula erythaca
Blyth, 1862
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     wintergast

De griiskopgoudfink (Pyrrhula erythaca) is in sjongfûgel yn it skaai goudfinken (Pyrrhula) út de famylje finkfûgels (Fringillidae).

Mantsje en wyfke.

De soarte is in 17 sm lange fink en te ferlikenjen mei de goudfink (Pyrrhula pyrrhula) mei in stevich bealchje en in koarte, dikke snaffel, swarte wjukken en sturt en in wite stút. It mantsje hat in swart masker en in blaugrize kop, nekke en rêch en in oranje-eftige ûnderkant. De wjukken binne donker mei wat ljochtere dielen. De snaffel is swart oant donkergriis.

Wyfkes binne oer it generaal minder kleure en se ha gjin of minder oanwêzich blaugriis op 'e kop. It boarst en de búk binne griisbrún, sûnder it oranje fan it mantsje. De rêch is brún.

De griiskopgoudfink libbet yn eastlik en súdlik Aazje en wurdt meastentiids ferdield yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

  • Pyrrhula erythaca erythaca - komt foar yn 'e Himalaya, fan Sikkim oant Bûtan, súdeastlik Tibet, westlik Sina en noardlik Myanmar.
  • Pyrrhula erythaca wilderi - komt foar yn Liaoning yn noardeastlik Sina

De ûndersoarte wilderi wurdt faak opnommen yn 'e nominaatfoarm.

De Taiwangoudfink (Pyrrhula owstoni ) waard earder opnommen yn 'e griiskopgoudfink, mar wurdt no meastentiids as in aparte soarte behannele. Ut stúdzjes hat nammentlik bliken dien dat der genetyske, morfologyske en fokale ferskillen binne.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De griiskopgoudfink libbet yn bercheftige gebieten op hichten fan 1.800–4.000 meter yn súdlik en eastlik Aazje. It is in standfûgel, mar winterdeis migrearret de fûgel nei legere dielen. De soarte wurdt yn mingde bosken en wylgestrûken oantroffen. Hy yt meast sied, knoppen en blommen, benammen fan 'e wylch.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling en der binne gjin grutte bedrigingen. De griiskopgoudfink wurdt op basis fan dy kritearia troch de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer as net bedrige (Least Concern, ) op 'e Reade list klassifisearre. Der is gjin rûzing fan 'e wrâldpopulaasje en dy wurdt omskreaun as lokaal algemien. De fûgel is tige seldsum yn Sikkim en Bûtan.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: