Grifformearde tsjerke (Muntsjesyl)

Ut Wikipedy
Grifformearde tsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Muntsjesyl
adres Methardusstrjitte 19
koördinaten 53° 18'N 6° 16'E
Arsjitektuer
arsjitekt L. Reitsma
boujier 1913
Webside
PKN Muntsjesyl-Lauwersyl
Kaart
Grifformearde tsjerke (Fryslân)
Grifformearde tsjerke

De Grifformearde Tsjerke is in tsjerkegebou út 1913 fan de PKN yn Muntsjesyl.

Skiednis en beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oargel

De tsjerke waard yn 1913 troch de arsjitekt Lammert Reitsma as sealtsjerke boud. Oan de súdeastlike kant hat de tsjerke in út de gevel rizende klokketoer.

De ynrjochting is noch oarspronklik en ek de banken binne noch oanwêzich.

Yn de âldjiersnacht fan 2017 op 2018 waarden de muorren en de brânskildere ramen fan de tsjerke slim bekladdere mei farve. In skjinmakkersbedriuw bea de tsjerke oan om de it gebou sûnder kosten skjin te meitsjen.[1]

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel waard boud troch de Dútske bruorren Rohlfing út Osnabrück. It ienmanualige ynstrumint mei frij pedaal is pneumatysk en wurdt troch Mense Ruiter ûnderholden. Yn 2015 waard it oargel op 'e nij yntonearre, krige de grutte balge nij lear en binne de grutte houten pipen skjin makke.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. RTV, 1 jannewaris 2018