Grifformearde tsjerke (Koatstertille)

Ut Wikipedy
Grifformearde Tsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Achtkarspelen
plak Koatstertille
adres Van Harinxmastrjitte 2
koördinaten 53° 12' N 6° 05' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
status no: tsjerklik sintrum
Arsjitektuer
boujier 1974
Webside
Side PKN Koatstertille
Kaart
Grifformearde tsjerke (Fryslân)
Grifformearde tsjerke

De Grifformearde Tsjerke fan Koatstertille is tsjintwurdich it tsjerklik sintrum fan 'e PKN-gemeente Koatsterille. It wie earder de Grifformearde tsjerke fan it doarp.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oarspronklik foelen de grifformearden fan Koatstertille ûnder Droegeham. Troch de fêstiging fan nije yndustry yn Koatstertille woeks it tal grifformearde leden hurd. Foar Koatstertille wie al earder in eigen wykried ynsteld en de tsjerketsjinsten waarden yn it doarpshûs holden, mar op 14 juny 1966 naam de klassisgearkomste it beslút dat Koatstertille in selsstannige gemeente wurde moast.

Foar de bou fan in eigen tsjerke waard der fan alles betocht om it jild by inoar te krijgen en op 5 oktober 1973 lei de hear H. Top de earste stein. Op 2 juny 1974 waard de tsjerke mei it tsjerklik sintrum iepene.

Op 15 jannewaris 2012 fussearre de Grifformearde tsjerke mei de Herfoarme gemeente ta de Protestanske Gemeente Koatstertille. De Grifformearde tsjerke waard in tsjerklike sintrum fan 'e gemeente.

Yn 2022 waard de tsjerke iepensteld foar de opfang fan Oekraynske flechtlingen.[1]


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: