Griffel


In griffel is in stik skriuwark fan frij sêfte stien, faak laaistien, dêr't mei skreaun wurde kin op in skriuwplankje dat fan deselde laaistien makke is (de laai).
It brûken fan laai en griffel is al út de 18e iuw bekend. In grut foardiel wie de mooglikheid om wergebrûk te brûken: it skreaune koe mei in wiete spûns wer útwiske wurde, en nei it drûgjen koene de laai en griffel op'en nij brûkt wurde. Dêrom dat by it learen skriuwen de griffel goede tsjinsten bewiisde: flaters en hoannepoaten wiene amper in probleem, trochdat se gjin materiaalferlies feroarsaken - papier wie kostber, inket ek. Mar ek foar oare bewurkingen dy't gjin bliuwend resultaat fergen, wiene laai en griffel brûkber, lykas foar it útwurkjen fan rekkensommen.
Der wiene ek neidielen oan it brûken. It skrassen fan 'e griffel koe ferfelend wêze, en de laai waard ek mei de tiid glânzich, wat resultearre yn in folle minder oantreklik resultaat as in doffe laai.
Doe't yn de rin fan de njoggentjinde iuw it potlead en de kroantsjepinne yn swang kamen, krige de griffel stadichoan in ienfâldich of sels earmoedich imago. Om 1900 hinne begûn it gebrûk merkber ôf te nimmen, en learden bern skriuwen troch earst mei potlead te oefenjen en by genôch feardigens oer te gean op de pinne. Mar oant yn de jierren 1960 binne der noch wol laai en griffel brûkt.
Figuerlik gebrûk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De útdrukking 'In tsien mei in griffel' (in tige goede beoardieling) komt fan in âlde gewoante: as in learling poerbêst prestearre hie, krige hy of sy net allinnich in tsien, mar waard ek beleanne mei in nije griffel.
De beleanning mei (symboalyske) griffels bestiet noch yn de wrâld fan it jeugdboek: wichtige prizen foar Nederlânske skriuwers fan jeugdliteratuer binne de Gouden Griffel en de Sulveren Griffel.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Griffel fan Wikimedia Commons. |
