Grienreade iisfûgel
| Grienreade iisfûgel | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Chloroceryle inda | ||||||||||||
| Linnaeus, 1766 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De grienreade iisfûgel (Chloroceryle inda) is in fûgel fan it skaai griene iisfûgels (Chloroceryle) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Grienreade iisfûgels wurde 24 sm lang en ha in gewicht fan 46 oant 60 gram. De boppedielen binne glânzgjend grien en ûnder is de fûgel readbrún. De wjukken binne fral by de wyfkes wyt sprinkeld. Allinne it wyfke hat oer it boarst in grienwite bân. De grienreade iisfûgel liket noch it meast op 'e griene dwerchiisfûgel, mar is twaris sa grut.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grienreade iisfûgels komme fan it súdeasten fan Nikaragûa, Kosta Rika en Panama oant de Golf fan Guayaquil en eastlik fan 'e Andes oer it noarden fan Súd-Amearika oant de Atlantyske kust fan 'e Brazyljaanske dielsteat Santa Catarina foar. Se libje oant in hichte fan 400 m yn tichte bosken oan stadich streamend wetter, sompen en mangroves.
Der wurde twa ûndersoarten erkend:
Gedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte jaget fan in stangel út yn it wetter nei proaien, dy't besteane út fisken fan maksimaal 12 sm lang en garnalen.
Nêst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In nêst bestiet út trije oant fiif aaien. Der is fierder net in soad bekend oer it briedgedrach.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar der wurdt oannommen dat de oantallen ôfnimme. De ôfname is lykwols net sa grut dat de soarte as bedrige beskôge wurdt. De IUCN klassifisearet de fûgel dêrfandinne as net bedrige op 'e Reade list. In rûge rûzing út 2016 hâldt de populaasje op in heal oant fiif miljoen fûgels.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Sjoch foar boarnen en/of referinsjes op de:Zweifarbenfischer
|
- Griene iisfûgel
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Nikaragûa
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Bolivia
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana
- Lânseigen fauna yn Guyana
- Lânseigen fauna yn Paraguay
- Lânseigen fauna yn Perû
- Lânseigen fauna yn Suriname
