Springe nei ynhâld

Grienedykkleaster

Ut Wikipedy
Kaart fan Jacob van Deventer mei it Grienedykkleaster (1560

It Grienedyk- of Oliifberchkleaster wie in kleaster yn de stêd Snits.

Dit frouljuskleaster stie wat eastlik fan in terp op it plak dêr't no de wyk Stedsfinne stiet. Dizze terp bestiet noch altiten, hjir stiet no de pleats Sytsingawier. It kleaster wie omgrêfte en stie yn in saneamd wijd fjouwerkant (omgrêfte lân). [1] Op de krekte lokaasje fan it kleaster is no it Joadske begraafplak. De namme fan it kleaster komt fan de tichtby lizzende Griene Dyk en de Oliifberch.

It gebou, wijd oan Sint Elisabeth fan Thüringen, waard om 1463 stifte troch it echtpear Tsjomme Wiarda en Ath Bonnema. Yn Ljouwert stiften se ek it Fransiskanekleaster. Tsjomme Wiarda kaam fan Goutum, Bonninga fan tichtby Loaiïngea, beide wienen tige fermogend. Mooglik kaam de grûn foar it kleaster fan de famylje Bonninga. Earder stie op it plak fan it kleaster grif in buorkerij, wat de namme Sytsingawier ferklearret. Yn it kleaster huze sûnt sirka 1474 de tredde oarder fan Sint Fransiskus (saneamde Grauwe Beginen).

Op 28 april 1515 stutsen de Geldersken it kleaster yn 'e brân, mar it waard werboud. It kleaster waard yn 1580 ôfbrutsen út frees dat de Spanjerts har der fêstigje soenen, it lân ferfoel oan de stêd Snits. Dit lot ûndergie ek it Johanniterkleaster. De kleasterheuvel is letter ôfgroeven troch terpskippers. Wat noch oer is, is in muorre fan kleastermoppen, grif oerbliuwsels fan in kelder.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Archeos: Wat oer it kleaster Oliifberch