Springe nei ynhâld

Griene tigerfink

Ut Wikipedy
griene tigerfink
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljeprachtfinken (Estrildidae)
skaaitigerfinken (Amandava)
soarte
Amandava formosa
Latham, 1790
IUCN-status:

De griene tigerfink (Amandava formosa) is in lytse fûgel út de famylje fan 'e prachtfinken (Estrildidae). It is in endemyske soarte dy't allinne foarkomt yn it sintrale diel fan Yndia. Fan 'e trije soarten yn it skaai fan 'e tigerfinken is it de soarte dy't it meast bedrige wurdt.

De griene tigerfink is likernôch 10 sm lang. De fûgel hat in opfallende oliifgriene boppekant en in giele ûnderkant. De snaffel is read en de poatsjes binne fleiskleurich. Op de flanken hat de fûgel fertikale swarte en wite streken yn in sebrapatroan. Der ferskillen tusken mantsjes en wyfkes binne net sa grut; it mantsje hat feller giel op 'e búk en de streken op 'e flanken binne dúdliker en kontrastriker. Oer it gehiel is it wyfke wat fletser fan kleur en se ha in lochtgrize gloed oer it giel fan 'e ûnderkant.

Oars as de besibbe tigerfink (A. amandava) hat de griene tigerfink gjin apart briedkleed; de fûgels sjogge der it hiele jier troch itselde út.

Fersprieding en leefgebiet

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgel hat in fragmintearre ferspriedingsgebiet yn 'e Yndiaaske steaten Rajasthan, Madhya Pradesh, Chhattisgarh en Bihar. Se libje yn heech gers, strûken en op lânbougebieten (lykas sûkerreidfjilden), faak tichteby wetter of by doarpen.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Griene tigerfinken wurde meastentiids sjoen yn lytse groepen of pearkes. Se foerazjearje op 'e grûn nei gerssied en lytse ynsekten en meitsje in lûd dat liket op in heech "tsjy-tsjy". De briedtiid falt tusken oktober en jannewaris. It nêst is in rûn bousel fan gers, boud yn tichte strûken of tusken sûkerreid. In lechsel bestiet út 4 oant 6 wite aaikes.

De griene tigerfink stiet as kwetsber (Vulnerable) op 'e Reade list fan 'e IUCN. De populaasje stiet ûnder druk troch de yllegale fûgelhandel ek al is dy yn Yndia ferbean. Dêrnjonken hat de fûgel te lijen fan 'e tapassing fan pestisiden yn 'e lânbou.

Yn 'e avikultuer is de griene tigerfink in seldsumheid. It binne net maklike fûgels om te hâlden en te kweekjen, om't se tige gefoelich binne foar stress en spesifike temperatueren nedich hawwe. Se wurde komselden bûten Yndia yn fûgelhokken sjoen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: