Griene stipastrilden
| Griene stipastrilden | ||
| Griene stipastrild (Mandingoa nitidula) | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
| skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
| famylje: | prachtfinken (Estrildidae) | |
| skaai: | griene stipastrilden (Mandingoa) | |
| Schlegel, 1862 | ||
It skaai griene stipastrilden (Mandingoa) bestiet út ien fûgelsoarte út de famylje prachtfinken (Estrildidae).
De fûgels fan it skaai komme yn grutte dielen fan Afrika besuden de Sahara foar, dêr't se faak yn pearkes of lytse famyljegroepen te finen binne yn tichte bosken en boskrânen.
Se binne foaral te werkennen oan harren mosgriene boppekant en in opfallende swarte búk mei in soad lytse wite stipkes. De mantsjes hawwe in karakteristyk read of oranje masker om 'e eagen en by de snaffel, wylst de wyfkes in oliifkleurich gesicht ha.
Griene stipastrilden wurde likernôch 10 oant 11 sintimeter lang. Se hawwe in koarte, krêftige snaffel dy't swart is mei in reade punt. Se ite gerssied en lytse ynsekten.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De folgjende soarte wurdt ta it skaai rekkene:
| Ofbyld | Fryske namme | Wittenskiplike namme | Ferspriedingsgebiet | Status / trend |
|---|---|---|---|---|
| griene stipastrild | Mandingoa nitidula | Angoala, Etioopje, Kenia, Mozambyk, Súd-Afrika, Sûdan, Tanzania, Uganda en West-Afrika | net bedrige
stabyl[1] |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
