Griene reager
| griene reager | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Butorides virescens | ||||||||||||
| Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
| IUCN-status: gjin status
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De griene reager (Butorides virescens) is in fûgel yn it skaai reiddompreagers (Butorides ) út 'e famylje reagerfûgels (Ardeidae).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Griene reagers ha in glânzgjende grienswarte kroan dy't as in túf opset wurde kin by opwining. De sydkanten fan 'e nekke en it boarst binne kastanjebrún oant readbrún en der rint in wite streek mei in bûnt patroan oer de kiel en foarkant fan 'e nekke. De rêch en wjukken ha in donkergrize basis mei in oliifgriene of blaueftige glâns. De dekfearren fan 'e wjukken ha ljochte rânen, sadat in skobbich patroan ûntstiet. Under is de fûgel meast griis. De snaffel is griis en giel, de koarte poaten binne giel en de eagen binne ek giel. Yn 'e briedtiid kinne de poaten en hûd om de eagen nei read ferkleurje. Wyfkes binne oer it generaal wat doffer fan kleur en in bytsje lytser as mantsjes.
Jonge fûgels binne doffer en ha in brune nekke en in brún boarst mei wite streken en op 'e rêch bêzje of wite plakken.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De griene reager is in fûgel fan wiete gebieten yn 'e Feriene Steaten. De fûgel is op it grutste part fan it kontinint te finen, mar hy mijt de bergen en de heuvelgebieten yn in oantal Midwestlike steaten. In lyts perzintaazje fan 'e populaasje briedt yn it súdwesten fan Kanada. De fûgel wurdt ek op 'e Kariben oantroffen.
De soarte hat fjouwer ûndersoarten:
- B. v. anthonyi: westlik fan 'e Feriene Steaten en noardlik Baja California.
- B. v. frazari : súdlik Baja California.
- B. v. virescens : fan 'e sintrale en eastlike Feriene Steaten en eastlik Kanada oant Panama.
- B. v. maculata : de Bahama's en de Kariben.
It is in tige seldsume besiker yn Europa, mei benammen waarnimmingen op 'e Azoaren en yn Grut-Brittanje, mar ek yn Nederlân, Frankryk, Iislân, Ierlân en Itaalje.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lykas de measte reigersoarten stiet de fûgel ûnferweechlik oan 'e kant fan wetter te wachtsjen oant in proai foarby komt. De fûgel jaget op fisken, kikkerts, lytse reptilen en wetterynsekten. Dêrnjonken hat de griene reager ek in nijsgjirrige jachttechnyk: as er in lytse proai lykas in ynsekt fongen en deade hat, yt er dy somtiden net op mar brûkt er dy as ies om gruttere proaien mei te fangen.

Mantsjes en wyfkes bouwe tegearre it nêst fan tûken, mar it wurk wurdt foar it grutste part troch it wyfke útfierd. Beide briede se de aaien út en fersoargje se de jongen. It nêst sit meast yn beammen, mar is somtiden ek by it wetter leech by de grûn te finen. It wyfke leit yn twa dagen tusken de trije en fiif ljochtgriene oant ljochtblauwe aaien, dy't nei 16 oant 17 dagen útkomme. Trije wiken nei it útkommen fan 'e aaien kinne de piken útfleane. Dêrnei bliuwe se noch in goede moanne by de âlden om it foerazjearjen te learen.
In pear bliuwt yn it seizoen monogaam.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De IUCN behannelet de griene en de mangrovereager as ien soarte en dêrom is der foar de griene reager gjin eigen statusbeöardieling. De populaasje fan 'e griene reager is tusken 1966 en 2019 foars yn oantal ôfnommen (-51%), mar de soarte komt noch jimmeroan relatyf algemien foar. Eartiids foarme jacht in bedriging foar de fûgel, hjoed-de-dei foarmet biotoopferlies in bedriging.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Reiddompreager
- Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen
- Lânseigen fauna yn Anguilla
- Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda
- Lânseigen fauna yn Arûba
- Lânseigen fauna yn de Bahama's
- Lânseigen fauna yn Barbados
- Lânseigen fauna yn Belize
- Lânseigen fauna yn Bermuda
- Lânseigen fauna yn Bonêre
- Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen
- Lânseigen fauna yn Dominika
- Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn El Salvador
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Sint-Marten
- Lânseigen fauna yn Grenada
- Lânseigen fauna yn Gûadelûp
- Lânseigen fauna yn Gûatemala
- Lânseigen fauna yn Haïty
- Lânseigen fauna yn Hondoeras
- Lânseigen fauna yn Jamaika
- Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Kuba
- Lânseigen fauna yn Kurasau
- Lânseigen fauna yn Martinyk
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Montserrat
- Lânseigen fauna yn Nikaragûa
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Porto Riko
- Lânseigen fauna yn Saba
- Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy
- Lânseigen fauna yn Sint-Eustasius
- Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen
- Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis
- Lânseigen fauna yn Sint-Lusia
- Lânseigen fauna yn Sint-Marten
- Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon
- Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago
- Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen

