Springe nei ynhâld

Griene muskaatdo

Ut Wikipedy
Griene muskaatdo
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftdo-eftigen (Columbiformes)
famyljedofûgels of dowen (Columbidae)
skaaimuskaatdowen (Ducula)
soarte
Ducula aenea
Linnaeus, 1766
IUCN-status: hast bedrige

De griene muskaatdo (Ducula aenea) is in fûgel yn it skaai muskaatdowen (Ducula) út de famylje dowen (Columbidae).

De griene muskaatdo is in grutte do fan 45 sm lang. De rêch, wjukken en sturt binne irisearjend grien. De kop en ûnderkant binne wyt mei útsûndering fan 'e ûndersturtdekfearren, dy't kastanjebrún binne. Mantsjes en wyfkes binne itselde wat kleur oanbelanget.

De griene muskaatdo hat in grut ferspriedingsgebiet yn Aazje en der wurde alve ûndersoarten erkend:[1]

Alhoewol't de fûgel noch algemien is en yn dielen sels talryk, nimme de oantallen werom troch it ferlies fan habitat en yn guon gebieten ek de jacht. De oantallen binne foar 2000 bot werom rûn yn bygelyks Laos en Maleizje. Tusken 2001 en 2020 ferdwûn yn it ferspriedingsgebiet fan 'e fûgel 18% fan it bosk. De fûgel libbet yn gruttere oantallen yn yntakt bosk as yn degradearre bosk. Dêrfandinne wurdt de griene muskaatdo troch de IUCN as hast bedrige (NT, 2021) op 'e Reade list klassifisearre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: