Springe nei ynhâld

Griene gaai

Ut Wikipedy
griene gaai

Cyanocorax luxuosus glaucescens út Teksas (griene ûnderkant, donker each.)
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljekriefûgels (Corvidae)
skaaimaskergaaien (Cyanocorax)
soarte
Cyanocorax luxuosus
Lesson, 1839
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

De griene gaai (Cyanocorax luxuosus) is in fûgelsoarte yn it skaai maskergaaien (Cyanocorax) út de famylje kriefûgels (Corvidae).

De griene gaai ferskilt fan 'e besibbe Inkagaai út de Andes, fral troch it ûntbrekken fan 'e noasboarstel, dy't oan 'e basis fan 'e snaffel by dy soarte in plôk fearkes foarmet. Ek giet by dy fûgel it blau op 'e kroan by guon wat fierder troch nei de nekke. It ferspriedingsgebiet fan 'e griene gaai leit sa'n 1600 km noardliker as dat fan 'e Inkagaai, mar guon ornitologen beskôgje de fûgels konspesifyk mei de griene gaai as de C. yncas luxuosu en Inkagaai as de C. yncas yncas.

C. l. maya yn Yucatán mei de heldergiele ûnderkant.

Griene gaaien wurde 25 oant 29 sm lang en weage 66 oant 110 gram. De kop en nekke ha gielwite, blauwe en swarte fearren. It boarst en de ûnderkant ferskilt fan helder giel yn it suden (bygelyks C. l. maya yn Yucatán) oant ljochtgrien yn it noarden (bygelyks C. l. glaucescens yn Teksas). De kleur fan 'e iris hinget ôf fan 'e ûndersoarte, ferskilt fan donkerbrúnich yn it noarden oant helder giel yn it suden.

De soarte komt fan Súd-Teksas oant Hondoeras foar en wurdt ferdield yn sân ûndersoarten (fan noard nei súd):

  • Cyanocorax luxuosus glaucescens: súdlik Teksas, noardeastlik Meksiko.
  • Cyanocorax luxuosus luxuosus: East-sintraal Meksiko.
  • Cyanocorax luxuosus speciosus: West-Meksiko.
  • Cyanocorax luxuosus vividus: Súdwestlik Meksiko.
  • Cyanocorax luxuosus maya: Yucatán.
  • Cyanocorax luxuosus confusus: Súdeastlik Meksiko oant westlik Gûatemala.
  • Cyanocorax luxuosus centralis: Hondoeras.

Griene gaai binne yn it grutste part fan syn brede ferspriedingsgebiet gewoane fugels. Se passe harren maklik oan en oannommen wurdt dat de populaasje groeit mei't it kappen fan beammen geskikt habitat makket. Der binne gjin spesifike bedrigingen en de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer klassifisearret de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2016) op 'e Reade list.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: