Griene dwerchiisfûgel
Griene dwerchiisfûgel | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() Mantsje. ![]() Wyfke. | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Chloroceryle aenea | ||||||||||||
Pallas, 1764 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
![]() |
De griene dwerchiisfûgel (Chloroceryle aenea) is in fûgel fan it skaai griene iisfûgels (Chloroceryle) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It mar 13 sm lange iisfûgeltsje wurdt 18 gram swier. Lykas oare iisfûgels hat er in koart sturtsje en in lange snaffel. De boppekant is oliifgrien, de ûnderkant is oranjeread en midden op 'e búk is it fûgeltsje wyt. Wyfkes binne te ûnderskieden fan mantsjes troch de griene bân op it boarst.
Juvenilen lykje op folwoeksen fûgels mar binne sûnder boarstbân, Fierder binne se op 'e flanken spikkele.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferspriedingsgebiet fan 'e griene dwerchiisfûgel leit fan Súd-Meksiko oer Midden-Amearika oant yn it westen fan Ekwador en Bolivia en Brazylje. De soarte is ek oanwêzich op Trinidad. Griene dwerchiisfûgels libje oan rivieren yn tichte bosken.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e griene dwerchiisfûgel binne twa ûndersoarten bekend:
- C. a. aenea: de súdlike nominaatfoarm. Is te ûnderskieden fan 'e oare ûndersoarten troch twa rigen mei wite plakken op 'e wjukken.
- C. a. stictoptera: is te ûnderskieden fan 'e nominaatfoarm troch trije oant fjouwer rigen mei plakken op 'e wjukken. Fierder hat dizze ûndersoarte in wyt plak op 'e ûndersturtdekfearren, dat lykwols hast net te sjen is.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lykas de oare iisfûgels jaget de griene dwerchiisfûgel fanôf in stôk of stangel op fiksjes en kikkertfiskjes troch him fertikaal yn it wetter te soarten. Ynsekten folle syn iten oan, dy't yn 'e loft fongen wurde.
Nêst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De dwerchiisfûgel graaft in 40 sm lange horisonale tunnel yn 'e steile wetterkant of yn in ierden heuvel. In lechsel bestiet út trije oant fjouwer wite aaikes.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel wurdt troch de IUCN as net bedrige klassifisearre. Oannommen wurdt dat de oantallen tebekrinne.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Sjoch foar boarnen en/of referinsjes op de:Erzfischer
|
- Griene iisfûgel
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Belize
- Lânseigen fauna yn El Salvador
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Gûatemala
- Lânseigen fauna yn Hondoeras
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Nikaragûa
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago
- Lânseigen fauna yn Bolivia
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana
- Lânseigen fauna yn Guyana
- Lânseigen fauna yn Perû
- Lânseigen fauna yn Suriname