Griene Stjer Duorsum

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Griene Stjer Duorsum
Groene Ster Duurzaam
algemiene ynformaasje
ôfkoarting GSD
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
type org. stifting
wurkmêd behâld natoer De Griene Stjer
fêstige yn Ljouwert (Fryslân)
oprjochte 2014
oprjochter Theo van Gelder e.o.
offisjele webside
groenesterduurzaam.nl

Griene Stjer Duorsum (Nederlânsk en offisjeel: Groene Ster Duurzaam), soms ôfkoarte ta GSD, is in stifting yn 'e Fryske haadstêd Ljouwert dy't him ynset foar it behâld fan 'e natoer en it bioferskaat yn it rekreaasjegebiet De Griene Stjer, oan 'e eastkant fan 'e stêd. Dêrby kantet de organisaasje him oan tsjin 'e grutte muzykfestivals dy't op jierlikse basis yn dat gebiet holden wurde: Promised Land, Psy-Fi en Welcome to the Village.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2014 krige it muzykfestival Psy-Fi fan 'e Gemeente Ljouwert alle romte om in fiifdeisk evenemint mei tige lûde muzyk te hâlden, dy't 24 oeren deis trochgean mocht. Dêr hiene doe net inkeld de omwenjenden yn Ljouwert ûnder te lijen, mar ek lju oant yn 'e wide omtrek, yn doarpen as Tytsjerk, Ryptsjerk en Gytsjerk. De stream fan klachten dy't dêrtroch op gong kaam, waard yn earste ynstânsje troch de gemeente net serieus (genôch) nommen. Net sasear it muzykfestival, mar de ûnferskillige opstelling fan 'e gemeente wie oanlieding foar Theo van Gelder út 'e wyk Camminghabuorren om mei in stikmannich meistanners Griene Stjer Duorsum op te rjochtsjen.

Fan 2015 ôf focht de stifting de miljeufergunnings dy't de Gemeente Ljouwert oan 'e grutte muzykfestivals takende, oan by de rjochter. De festivals soene beskerme bistesoarten as de marflearmûs, de wetterpipermûs en de porsleinhin fersteure. Foarstanners fan 'e muzykfestivals wolle hawwe dat it Griene Stjer Duorsum hielendal net om dy bistesoarten giet, mar dat se it natoerbehâld inkeld as stôk brûke om in hûn (yn dit gefal de festivals) te slaan. Feit is dat Griene Stjer Duorsum mei it prosedearjen tsjin 'e muzykfestivals yn syn rjocht stiet. Jier op jier kriget de stifting fan 'e rjochter hielendal of foar in part gelyk, wylst de Gemeente Ljouwert op 'e fingers tikke wurdt.

De hâlding fan 'e Gemeente Ljouwert is yn dizze kontekst ien fan hurdlearsheid (stelt de Ljouwerter Krante fêst). In rapport fan 'e Rekkenkeamer oer it Ljouwerter festivalbelied út augustus 2020 spriek fan "in twangmjittige fokus op lûd", it "net transparant [wêzen] nei omwenjenden en gemeenteried", "hurd timmerjen op it eigen gelyk" en "besykjen om ûnder rjochterlike útspraken út te kommen". Ynstee fan dy krityk oan te nimmen en feroarings troch te fieren, wiisde de gemeente eigen flaters en misdragings yn alle toanaarden ôf. Der soe sprake wêze fan "framing" troch de Rekkenkeamer en de Rekkenkeamer soe mei te min of de ferkearde minsken praat hawwe.

Yn july 2017 hie bestjoersrjochter Ruud Vucsán al hielendal syn nocht fan it broddelwurk dat de gemeente fan syn fergunnings en ûntheffings makke. Hy warskôge Ljouwert doe dat der in momint komme soe dat in rjochter hielendal in streek troch in fergunning sette soe, mei as gefolch dat in festival net trochgean koe. Yn july 2021 wie it safier, doe't de fergunning foar Welcome to the Village ferneatige waard en it festival foar dat jier op 'e siik moast nei in oare lokaasje. (Letter besleat de organisaasje efter it festival om it evenemint yn ferbân mei de beheinings yn it ramt fan 'e koroanafiruspandemy hielendal mar oergean te litten.)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Haar, Patrick van 't, Het is niet Groene Ster Duurzaam dat de festivals dwars zit, yn: de Ljouwerter Krante, 9 july 2021, s. 25.