Gret Widmann
Gret Widmann, doopnamme Klara Margarethe Meyer (Zürich, 29 septimber 1875 - Rüschlikon, Switserlân, 27 febrewaris 1931), wie in Switserske skilder, yllustrator en portretfotograaf.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
foto Gret Widmann
Gret Widmann studearre skilderjen yn München, dêr't se de skilder Fritz Widmann moete. Se wurke as skilder en yllustrator yn München. It pear troude en wenne fan 1899 ôf yn it eardere hûs fan de komponist Johannes Brahms yn Alt-Nidelbad, Rüschlikon. Hy hie it hûs yn 'e simmer fan 1874 ûntdutsen by in reis lâns de Mar fan Zürich en it hierd.
Gret Widmann wurke yn Rüschlikon yn it tichteby lizzende atelier fan 'e skilder Anna Hug (1875–1951), dy't letter ek eigener waard fan it "Brahmshaus". Beide wiene freonen mei skilderesse Helen Dahm en de skilder Werner Weber (1892–1977).
Gret Widmann folge letter in oplieding ta portretfotograaf yn Berlyn en fotografearre Hermann Hesse, dy't in goede freon wie fan it keunstnerspear wie, yn 1910, 1926 en 1929. Mei-inoar makken se stúdzjereizen nei Itaalje. [1]
By de kulturele dagen fan 2020 yn Rüschlikon waarden wurken fan Gret Widmann, Helen Dahm, Margrit Gsell-Heer, Anna Hug, Dora Raustein (1900-1987) en Isabelle Dillier (1913-2011) útstald yn it AbeggHuus.
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Gret Widmann yn kulturueschlikon.ch
- Hermann Hesse fotografearre fan Gret Widmann (1875-1931) yn martinhesse-fotoarchiv.ch
- Widmann, Gret Yn: Deutsche Biographie
- Gret Widmann yn d bibliografyske databank WorldCat
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|