Springe nei ynhâld

Gregor Hradetzky

Ut Wikipedy
Gregor Hradetzky
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte nammeGregor Hradetzky
nasjonaliteit Eastenryksk
bertedatum31 jannewaris 1909
berteplakKrems an der Donau
stjerdatum29 desimber 1984
stjerplakBad Kleinkirchheim
sportive ynformaasje
sportkanofarren
ûnderdielK1
O.S.Berlyn 1936
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 2x Olympyske Spullen 1936
Brûns grut brûns 1x WK 1938

Gregor Hradetzky (Krems an der Donau, 31 jannewaris 1909 - Bad Kleinkirchheim, 29 desimber 1984) wie in Eastenryksk kanoër.

Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Berlyn twafâldich Olympysk kampioen yn de K1. Yn 1938 die Hradetzky mei oan it WK yn it Sweedske Vaxholm en waard dêr tredde yn de K1

Hradetzky hie him yn 1934 oansletten by de yllegale NSDAP en de SA. Yn 1938 frege er it reguliere lidmaatskip fan de partij oan en waard mei weromwurkjende krêft oant 1 maaie fan datselde jier akseptearre. Datselde jier stapte Hradetzky oer fan de SA nei de SS. Yn 1948, nei syn weromkommen as kriichsfinzene út Amerikaanske kriichsfinzenskip, naam Hradetzky it bedriuw dat oargels boude fan syn yn 1942 ferstoarne heit oer. Yn 1979 boude er yn gearwurking mei Ronald Sharp in oargel foar it Sydney Opera House yn Austraalje.
Gregor Hradetzky ferstoar op 29 desimber 1984, yn 'e âldens fan 75 jier.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    • Wikipedy:EN
    • Wikipedy:DE