Prinsdom Oranje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Greefskip Oranje)
Prinsdom Oranje
Principauté d'Orange
1163 – 1713
flagge wapen
geografyske lokaasje

It Prinsdom Oranje yn 1633, op 'e kop werjûn,
mei it suden boppe-oan.
polityk
haadstêd Oranje (stêd)
offisjele taal Frânsk
steatsfoarm prinsdom
ûntstien út Keninkryk Arles
opgien yn Keninkryk Frankryk
no diel fan Frânske Republyk
sifers
ynwennertal < 10.000
oerflak 280 km²
bykommende ynformaasje
muntienheid écu

It Prinsdom Oranje (Frânsk: Principauté d'Orange, útspr.: [pʀʌ̃sipo:'te: do:'ʀɔ̃ʒ], likernôch: "preons-si-poo-tee doo-rânzj; Oksitaansk: Principat d'Aurenja, útspr.: [prinsi'pat do'rεnʒa], likernôch: "pryn-si-pat doo-ren-zja) wie in ûnôfhinklik minysteatsje oan 'e rivier de Rône yn súdlik Frankryk. It bestie fan 1163, doe't de Hillige Roomske keizer Freark I it Boergondyske Greefskip Oranje ferhefte ta in soeverein prinsdom binnen it Hillige Roomske Ryk, oant 1713, doe't it foargoed yn Frânske hannen kaam en opgie yn it doetiidske Keninkryk Frankryk. Fan 1530 ôf wie it Prinsdom Oranje in besitting fan ferskate tûken fan it Hûs Nassau. Begjinnend mei Willem fan Oranje ûntstie dêrtroch in bân mei de Republyk fan 'e Feriene Nederlannen dy't wol wat wei hie fan in personele uny. De namme fan it Hûs Oranje-Nassau, it Nederlânske keningshûs, giet werom op it prinsdom, en sa ek it feit dat oranje de nasjonale kleur fan Nederlân is.

Etymology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Prinsdom Oranje wie neamd nei de stêd Oranje (Orange), dat de haadstêd derfan wie. De namme fan 'e stêd wurdt tsjintwurdich ornaris yn ferbân brocht mei de sinesapel (Frânsk: orange of pomme d'orange), mar wie dêr oarspronklik net nei neamd. Ynstee wie it Frânske toponym Orange in ferbastering fan it Latynske Arausio, de namme fan in Keltyske wettergod. As plak waard Arausio yn 36 of 35 f.Kr. stifte. It tinken is dat de ferbastering fan 'e namme plakfûn ûnder ynfloed fan 'e hannel yn sinesapels, mei't Oranje oan in rûte lei dêr't in soad fan dy fruchten lâns ferfierd waarden fan 'e Frânske havens oan 'e Middellânske See nei noardlik Frankryk.

It Prinsdom Oranje en de Pauslike Domeinen fan 'e Comtat Venaissin yn 1547.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Prinsdom Oranje lei yn 'e Provâns, yn súdlik Frankryk, en besloech in gebiet fan 280 km² om 'e stêd Oranje hinne. It meat 19 km fan east en west en 14 km fan noard nei súd. Yn it uterste westen waard it begrinzge troch de rivier de Rône, wêrfan't de foaroerlizzende igge ta it Keninkryk Frankryk hearde. Oan alle oare kanten waard Oranje omsletten troch it Comtat Venaissin, in besitting fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke dy't ta de Pauslike Steat hearde, mei as haadstêd Avignon. It Comtat Venaissin wie lykwols ek in enklave dy't troch Frânsk gebiet omjûn waard.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Iere skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fan oarsprong Karolingyske greven fan Oranje giene tebek oant yn 'e achtste iuw. De earste fan harren wie neffens de oerlevering in Willem mei de Hoarn, dy't in hôveling fan Karel de Grutte west hawwe soe. Yn 793 soe dyselde de stêd Oranje op 'e út Spanje wei opteine Arabieren ferovere hawwe. Yn 1032 of 1033, doe't it âlde, yn ferfal rekke Keninkryk Arles útinoar foel, kaam it Greefskip Oranje ta it Hillige Roomske Ryk te hearren as in fierders folslein ûnôfhinklik minysteatsje. It Hûs Oranje spjalte him yn 1150 yn twa linys, dy't elts in diel fan it greefskip krigen. Ien fan dy linys waard yn 1163 troch keizer Freark I yn 'e ryksfoarstestân ferheft. Dêrmei waard it diel fan Oranje dat troch dy liny regearre waard, tagelyk in soeverein prinsdom binnen it Hillige Roomske Ryk.

Nei it útstjerren fan dyselde tûke fan it Hûs Oranje mei de dea fan Raimbaud III, kaam it prinsdom yn 1173 fia Raimbaud syn suster Tiburge en har man Bertrand I fan Baux yn it besit fan it Hûs Baux. It diel fan Oranje dat oarspronklik bestjoerd wie troch de (ek útstoarne) greeflike tûke fan it Hûs Oranje, kaam yn dyselde tiid ûnder it bestjoer fan 'e Jehanniter Ridderoarder, mar it hiele prinsdom waard yn 1308 weriene ûnder Bertrand III fan Baux.

Keizer Karel IV stifte yn 1365 de Universiteit fan Oranje doe't er Arles oandie om ta kening fan Arles kroane te wurden. Nei de dea fan Raymond III fan Baux, yn 1393, urf syn dochter Marije fan Baux-Oranje it prinsdom, en fia har man Jan III fan Châlon-Arlay kaam it doe yn it besit fan it Hûs Châlon. De lêste manlike telch út dat skaai wie Filibert fan Châlon, dy't ûnder Karel V ûnderkening fan Napels wie. Doe't hy yn 1530 sneuvele by it Belis fan Florâns, liet er it Prinsdom Oranje nei oan syn omkesizzer René fan Châlon, de ienlingssoan fan syn suster Klaudia fan Châlon en Hindrik III fan Nassau-Breda.

René fan Châlon.

Oranje komt ûnder de Nassaus[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

René fan Châlon wie yn neifolging fan syn heit in foaroansteand hôveling fan Karel V, en hy beklaaide û.o. de amten fan steedhâlder fan Hollân, Seelân, Utert, de Franche-Comté, Gelre en Sutfen. Under syn regear waard it Prinsdom Oranje ferskate kearen beset yn opdracht fan kening Frâns I fan Frankryk, dy't de aartsfijân fan Karel V wie. Yn 1544 kaam René jong te sneuveljen yn 'e Slach by Saint-Dizier, tsjin 'e Frânsen. Hy hie doe gjin wettige bern en liet mei goedkarring fan Karel V al syn besittings nei oan syn neef Willem, de âldste soan fan syn omke Willem de Rike fan Nassau-Dillenburch, dy't sadwaande neitiid bekend wurde soe as Willem fan Oranje.

Dat beslút wie yn tsjinspraak mei it testamint fan Marije fan Baux, dy't it Prinsdom Oranje yn it Hûs Châlon brocht hie. It steatsje hie by gebrek oan manlike erfgenamten oergean moatten op 'e neiteam fan har dochter Alix fan Châlon. De dochter fan Alix wie in Margareta, dy't yn 1449 troude mei Rudolf IV fan Baden-Sausenberg (1427-1487). Harren iennichst oerlibjende pakesizzer Jehanna fan Neuchâtel ( 1543) fan harren soan Filips fan Baden-Röteln (1452-1503) troude yn 1504 mei Loadewyk I fan Longueville (1480-1516). Harren neikommelingen wiene sadwaande pretendinten foar it Prinsdom Oranje oant it laach yn 1694 yn manlike line útstoar. De Longuevilles spanden yn Frankryk in rjochtsaak oan tsjin 'e gong fan saken nei 1544 en krigen úteinlik fan 'e rjochter gelyk. Yn ferbân mei de wichtige rol fan Willem fan 'e Oranje yn it ramt fan 'e Opstân yn 'e Nederlannen en de striid tsjin Filips II fan Spanje, dat ek in fijân fan Frankryk wie, besleaten de Frânske keningen lykwols om it rjochterlik fûnis yn dy saak njonken har del te lizzen. Sadwaande bleau it Prinsdom Oranje oant 1713 yn 'e hannen fan it Hûs Oranje-Nassau.

Hoewol't Willem fan Oranje yn 1544 offisjeel prins fan Oranje waard, koed er pas fan 1559 ôf wurklik macht oer syn prinsdom oan 'e Rône útoefenje. Om't Willem it mei de Hugenoaten hold, rekke it steatsje dêrnei oan protestantske kant behelle yn 'e Frânske Godstsjinstoarloggen. Yn dy tiid rekke de stêd Oranje slim skansearre troch oarlochshannelings en waard it prinsdom as gehiel ferskate kearen beset troch troepen fan 'e Katolike Liga of de Frânske kening. Nei't yn 1568 ûnder lieding fan Willem fan Oranje de Opstân yn 'e Nederlannen begûn wie, dy't letter it earste stadium blike soe te wêzen fan wat in Tachtichjierrige Oarloch wurde soe, waard Willem yn 1584 fermoarde om't er troch Filips II fan Spanje fûgelfaai ferklearre wie.

Willem fan Oranje.

Opfolgingsskelen en ynminging fan Frankryk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de dea fan Willem fan Oranje ûntstie der oangeande it bestjoer fan it Prinsdom Oranje in nuvere sitewaasje. It wie dúdlik dat Filips Willem fan Oranje-Nassau, as âldste soan fan Willem fan Oranje, de rjochten op it prinsdom urven hie. Filips Willem wie lykwols yn 1567 troch de Spaanske lânfâd yn 'e Nederlannen don Fernando Álvarez de Toledo, hartoch fan Alva min ofte mear ûntfierd en nei Spanje oerbrocht, dêr't er fierders roomsk en Spaansksinnich grutbrocht wie oan it Keninklik Hôf fan Filips II. De twadde soan fan Willem fan Oranje, Maurits fan Oranje-Nassau, de protestantske steedhâlder fan Hollân, Seelân, Utert, Gelderlân en Oerisel, naam nei syn heite dea it foartou by de striid tsjin 'e Spanjerts. Om't eltse tagong ta it Prinsdom Oranje behearske waard troch Frankryk, bepaalde kening Hindrik IV fan Frankryk en nimmen oars wa't it yn Oranje foar it sizzen krige. En om't dyselde in bûnsgenoat wie fan Maurits en de Republyk fan 'e Feriene Nederlannen, waard Maurits de facto prins fan Oranje.

Dat feroare pas yn 1608, doe't de trije healbruorren Filips Willem, Maurits en Freark Hindrik fan Oranje-Nassau yn it ramt fan it Tolvejierrich Bestân mei-inoar om 'e tafel giene om einlings en te'n lêsten harren heite erfenis te beävensearjen. It duorre noch oant 27 juny 1609 ear't se it iens waarden. Filips Willem krige by dizze ferdieling alle besittings yn 'e troch Spanje behearske Súdlike Nederlannen en yn Frankryk taparte, it Prinsdom Oranje ynbegrepen. Doe't er yn 1618 lykwols sûnder bern kaam te ferstjerren, foel it prinsdom fannijs ta oan Maurits, dy't it by syn dea yn 1625 trochjoech oan Freark Hindrik. De erfgenamt fan dy lêste wie syn soan Willem II, dy't yn 1650 jong kaam te ferstjerren, wêrnei't it prinsdom yn it besit fan syn soan Willem III kaam.

Willem III, dy't behalven steedhâlder fan seis fan 'e sân gewesten fan 'e Republyk fan 'e Feriene Nederlannen ek kening fan Ingelân, Skotlân en Ierlân waard, wie de aartsfijân fan 'e Frânske kening Loadewyk XIV, en nei it útbrekken fan 'e Frânske Oarloch yn it Rampjier 1672 waard it Prinsdom Oranje sadwaande beset troch de Frânske troepen ûnder lieding fan François Adhémar fan Monteil, greve fan Grignan. By de Frede fan Nimwegen, dy't yn 1678 sletten waard, krige Willem syn prinsdom werom, mar by de werropping troch Loadewyk XIV fan it Edikt fan Nantes, yn 1685, waard it steatsje op 'e nij troch de Frânsen beset. By de Frede fan Ryswyk, dy't yn 1697 in ein makke oan 'e Njoggenjierrige Oarloch, moast Loadewyk XIV jitris it Prinsdom Oranje weromjaan. Willem III wie lykwols de lêste regearjende soevereine prins fan Oranje.

Nei it ferstjerren fan Willem III, yn 1702 briek der op 'e nij in opfolgingsskeel út, diskear tusken de Fryske steedhâlder Jehan Willem Friso fan Nassau-Dietz en Freark I fan Prusen. Jehan Willem Friso wie, as pakesizzer fan Albertina Agnes, in dochter fan Freark Hindrik, dejinge dy't troch Willem III yn syn testamint as opfolger oanwiisd wie. Freark I fan Prusen fûn lykwols dat hy, as de soan fan Freark Hindrik syn âldste dochter Louise Henriëtte, in bettere oanspraak jilde litte koe. Underwilens wist net ien fan beiden ea it feitlike bestjoer oer it prinsdom yn 'e hannen te krijen, mei't Loadewyk XIV it steatsje nei de dea fan Willem III oan 'e Frânske Kroan ferfallen ferklearre. It Parlemint fan Parys wiisde it prinsdom dêrnei ta oan 'e kandidaat dy't Loadewyk foar it prinsskip nei foarren ta skood hie, Frâns Loadewyk fan Conti, dy't yn 'e fierte besibbe wie oan it Hûs Châlon. Dyselde regearre Oranje neitiid as in fazal fan 'e Frânske kening en joech dêrmei de soevereine status fan it prinsdom op.

De stêd Oranje, de âlde haadstêd fan it prinsdom.

By de Frede fan Utert, dy't yn 1713 in ein makke oan 'e Spaanske Súksesjeoarloch, stie Freark I fan Prusen it Prinsdom Oranje formeel ôf oan Frankryk, wylst er fêstlizze liet dat it wapen en de titel fan prins fan Oranje takamen oan himsels en syn opfolgers as kening fan Prusen. It Hillige Roomske Ryk stimde mei dy gong fan saken yn, en Jehan Willem Friso, dy't yn 1711 by it oerstekken fan it Hollânsk Djip de drinkeldea stoarn wie, koe dêr net mear tsjin protestearje, wylst syn erfgenamt, Willem IV, noch mar in pjut fan twa jier wie. Yn elts gefal kaam it Prinsdom Oranje foargoed by it Keninkryk Frankryk te hearren. It waard opheft as aparte bestjoerlike ienheid en by de provinsje Dauphiné foege. Nei de Frânske Revolúsje fan 1789 kaam it eardere prinsdom yn 1790 ta it departemint Drôme te hearren, dêrnei ta Bouches-du-Rhône en úteinlik ta Vaucluse.

Gebrûk fan 'e titel 'prins fan Oranje'[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Underwilens wie doe yn 1732 troch it Ferdrach fan Dieling tusken steedhâlder Willem IV en kening Freark de Grutte fan Prusen oerienstimming berikt tusken de huzen Oranje-Nassau en Hohenzollern oer it gebrûk fan 'e titel prins fan Oranje. Dêrby joech Willem IV alle oanspraken op it eigentlike Prinsdom Oranje op en waard fierders beslist dat telgen út beide aadlike lagen de titel fiere mochten. Sûnt de oprjochting fan it Keninkryk fan 'e Nederlannen, yn 1815, wurdt de titel prins fan Oranje yn it Hûs Oranje-Nassau altyd fierd troch de kroanprins. Doe't Willem-Alexander yn 1980 troch de troansbestiging fan syn mem Beatrix kroanprins en dus prins fan Oranje waard, wie de titel hast in iuw lang net brûkt om't er inkeld foar manlike troanopfolgers gou. De lêste prins fan Oranje foàr Willem-Alexander wie Aleksander, de lêste oerlibjende soan fan kening Willem III, dy't yn 1884 stoar. Pas sûnt in grûnwetswiziging út 1983 wurdt de titel ek droegen troch kroanprinsessen. Anno 2019 wurdt de titel prins(esse) fan Oranje droegen troch kroanprinsesse Catharina-Amalia fan 'e Nederlannen en troch prins Georg Friedrich fan Prusen.

Bestjoer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

List fan regearjende prinsen fan Oranje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hûs Oranje
Hûs Baux
Catharina-Amalia fan Oranje-Nassau, de hjoeddeistige prinsesse fan Oranje.
Hûs Baux-Oranje
Hûs Châlon-Arlay
Hûs Châlon-Oranje
Hûs Oranje-Nassau
Hûs Oranje-Nassau (2e ynkarnaasje)

Neikommende dragers fan 'e titel 'prins fan Oranje'[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hûs Oranje-Nassau (2e ynkarnaasje)

Ynfloed[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lju yn Amsterdam klaaid yn oranje klean ta gelegenheid fan Keninginnedei 2007.

Om't Willem fan Oranje oan 'e widze stie fan 'e Opstân yn 'e Nederlannen, dêr't de Republyk fan 'e Feriene Nederlannen út fuortkaam, rekke de kleur oranje ûnferbreklik ferbûn mei Nederlân en waard it de Nederlânske nasjonale kleur. Tsjintwurdich sjocht men yn Nederlân oranje klean en flaggen fral op nasjonale feestdagen, lykas Keningsdei en Befrijingsdei, en by sportwedstriden fan nasjonale sportteams. Behalven de eigentlike kleur komt ek de beneaming yn Nederlân in soad werom, lykas yn 'e nammen fan 'e histoaryske radiostjoerder Radio Oranje en it Oranjefûns, yn 'e tradisjonele útrop "Oranje Boppe" en yn it begryp oranjeferiening.

De Nederlânske flagge dy't yn 1579, by it sluten fan 'e Uny fan Utert, offisjeel oannommen waard, wie in horizontale trijekleur oranje-wyt-blau. Dy flagge stiet no bekend as de Prinseflagge of ek wol it 'oranje-blanje-bleu'. Pas yn 1937 waard by Keninklik Beslút de hjoeddeistige read-wyt-blauwe flagge de offisjele flagge fan Nederlân. De Prinseflagge waard neitiid brûkt troch de yn 'e Twadde Wrâldoarloch mei de besetters kollaborearjende NSB en krige dêrtroch in "besmet" imago.

Underwilens hiene de Nederlanners harren oranje ek om utens brocht. Sa waard troch kolonisten fan Nederlânsk komôf, de saneamde Afrikaners of Boeren, in grutte rivier yn Súd-Afrika de Oranjerivier neamd. Ien fan 'e grutste Boererepubliken kaam yn 1854 de Oranje Frijsteat te hjitten. It grutste part fan 'e tweintichste iuw hie Súd-Afrika in flagge dy't oranje-wyt-blau kleure wie. Dy waard lykwols tagelyk mei it Apartheidsrezjym ôfskaft; yn 'e hjoeddeistige flagge fan Súd-Afrika komt gjin oranje mear foar.

Yn Noard-Amearika binne Orange County, yn 'e Amerikaanske steat New York, en de stêd Orange yn Konettikut nei it prinsdom Oranje ferneamd. Ek de flaggen fan 'e stêden New York en Albany (New York), dy't begûnen as Nij-Amsterdam en Beverwyk yn 'e Nederlânske koloanje Nij-Nederlân, hawwe elts in oranje baan. Nei't yn 1689 Willem III fan Oranje kening waard fan Ingelân, Skotlân en Ierlân, rekke de kleur oranje op it eilân Ierlân ferbûn mei it troch de nije kening útdroegen protestantisme. De oranje baan yn 'e flagge fan Ierlân symbolisearret sadwaande de protestantske befolkingsgroep.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.