Grave
| Grave | ||
| Sint-Elisabethtsjerke. | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 8.575 (2023)[1] | |
| Oerflak | 3,24 km² - lân 2,89 km² - wetter 0,35 km² | |
| Befolkingsticht. | 2.967 ynw./km² | |
| Oar | ||
| Koördinaten | 51°45' N 5°44' E | |
| Plattegrûn fan it sintrum. | ||
| Offisjele webside | ||
| www.beleefhistorischgrave.nl | ||
| Kaart | ||
Grave is in stêd en in eardere gemeente oan 'e Maas yn 'e Noard-Brabânske gemeente Lân fan Cuijk.
Gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant 1 jannewaris 2022 wie Grave in selsstannige gemeente. De gemeente ûntstie yn 'e Napoleontyske tiid (1810) en yn 'e rin fan 'e tiid waarden ek de plakken Velp, Escharen en Gassel by de gemeente yndield. Sûnt 2022 foarmet Grave mei de eardere gemeente Boxmeer, Cuijk, Mill en Sint Hubert, Sint Anthonis de gemeente Lân fan Cuijk.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme Grave (Latynsk: Gravia, far. Caruo, Carvo en Gravita) komt fan greven of grêft en wurdt yn 1214 foar it earst neamd.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it jier 1214 wurdt de namme Grave foar it earst fêstlein yn in skriftlike boarne. Op dat stuit is it plak al fan belang yn 'e krite, net allinnich fanwegen de strategyske lokaasje oan 'e Maas, mar ek om't it de sit is fan 'e ynfloedrike greven fan Cuijk.
It laach Cuijk hearde yn 'e hege midsiuwen ta de machtichste adelsskaaien fan eastlik Brabân. Hja bouden yn Grave in grut kastiel en makken fan 'e delsetting in sintrum fan macht. Om 1233 hinne krige Grave stedsrjochten, itjinge de ynwenners mear frijheid en selsbestjoer joech. Dat wie in wichtige stap foar Grave syn ûntjouwing ta fêsting en hannelsplak.
De stêd waard yn 1415 troffen troch in grutte stedsbrân. By de brân waard ek de grutste tsjerke fan 'e stêd, de Sint-Elisabethtsjerke, ferneatige.

Grave waard yn 'e 15e iuw ûnderdiel fan it hartochdom Brabân. Yn 'e maitiid fan 1586 waard Grave troch de troepen fan Alessandro Farnese (1545–1592), de lânfâd fan 'e Nederlannen, belegere. De stêd waard ferdigene troch in Steatsk garnizoen en Ingelske en lokale soldaten, mar op 7 juny 1586 moast it ferset nei in swier belis opjûn wurde en namen de Spanjerds de stêd yn. Grave waard in Spaansk bolwurk en it duorre oant 1602 doe't Grave mei Ingelske help ûnder prins Maurits wer yn hannen foel fan 'e Republyk. Dy machtsferoaringen brochten ferneatingen mei, mar de stêd waard ek fersterke mei stedsmuorren en fêstingwurken.
Sûnt 1648 wie Grave lykas it hiele Lân fan Cuijk ûnderdiel fan Steatsk-Brabân. Grave waard yn it rampjier 1672 troch it Frânske leger ûnder markys De Chamilly sûnder in soad ferset ynnomen as gefolch fan in strategyske flater fan 'e Steaten. De befrijing folge yn 1674 troch prins Willem III en generaal Rabenhaupt. Dat gie lykop mei in soad ferneatigingen en it betsjutte ek de ûndergong fan it kastiel fan Grave, dat sa slim skansearre wie dat de ôfbraak folge. Dêrnei waard besletten om de fêstingwurken te modernisearjen. Dat barde ûnder Menno fan Coehoorn. De stêd wie in wichtige garnizoensstêd en telde bytiden wol fiif kear safolle militêren as ynwenners.
Grave waard yn 1794 op 'e nij troch de Frânsen ynnommen en yn 1814 waard it stedsje belegere om se wer te ferdriuwen. Dêrnei bleau it rêstich en yn 1876 waarden de ferdigingswurken sljochte. Yn 1892 wie it ek dien mei Grave as garnizoensstêd. Yn 1938 waard der mei de tanimmende driging fan oarloch lykwols wer in kazerne boud, de Generaal De Bonskazerne, dy't yn 1997 wer opheft waard.

Mei de wichtige ferkearsbrêge oer de Maas by Grave wie it plak in taktysk doel yn 'e grutte alliearde militêre operaasje Market Garden yn 1944 om fluch yn Dútslân troch te stjitten. Op 17 septimber 1944 lannen Amerikaanske troepen fan 'e 82e Airborne Division oan 'e súdkant fan Grave om dy brêge yn te nimmen. Alhoewol't der fûl fochten waard koe de brêge sûnder grutte skansearrings ynnommen wurde en dêrmei wie de ferbining tusken Eindhoven, Nijmegen en Arnhim (de saneamde Corridor) foar in part feilichsteld. By de oanfal en de befrijing fan 'e brêge rekke de stêd Grave slim skansearre. Ferskate histoaryske gebouwen binne troch artilleryfjoer en bombardeminten ferlern gien.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


- De letgoatyske Sint-Elisabethtsjerke waard nei de ynfiering fan 'e reformaasje de protestantske tsjerke fan it fierder ek hjoed-de-dei noch katolike Grave. Nei de weromjefte fan 'e tsjerke waard de tsjerke op 'e nij dekorearre mei meubilêr út Flaanderen.
- De Protestantske kapel is in Beginekapel út likernôch 1500 en waard nei de reformaasje ek brûkt as Waalske tsjerke. It is hjoed-de-dei de tsjerke fan 'e lytse PKN-gemeente.
- De Hampoarte út 1681 is in restant fan 'e fêstingwurken.
- De Maaspoarte is in werboude poarte oan 'e Maas.
- It Arsenaal stiet op it plak fan it eardere kastiel en datearret fan 'e 17e iuw.
- De kanonnen oan 'e Maas binne Frânsk en datearje út de Frânske besetting (1794-1814).
- De Kazematten fan 'e Peel-Raamstelling.
- De John S. Thompsonbrêge is de ferbining oer de Maas nei Gelderlân en spile in belangrike rol by Operaasje Market Garden.
- It gemaal Van Sasse út 1929 wie it earste elektryske gemaal yn 'e regio.
- It stedhûs út 1615 is nei it oansjen fan 1730 werom restaurearre.
- It sosjéteitsgebou foar it yn 1788 stifte "Tot Nut ende Vermaeck" út 1876.
- Ferskillende wenhûzen yn it sintrum.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Stedsmuseum
- Kazemattenmuseum (ûnderdiel fan it Stedsmuseum)
Henricus en Henriëtteynstitút
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Grave stie eartiids it iennige katolike blineynstitút fan Nederlân, ynearsten ien foar jonges en letter ek ien foar famkes. Stifters wiene Henricus en Henriëtte de la Geneste. Frater Antonius Paulusse makke it bouplan fan it gebou, dat njonken de Susters fan Tilburch kaam te stean. De komponist en pianist Jules de Corte brocht dêr syn jongerein troch. Yn 'e jierren 1960 ferhûze it ynstitút nei Nijmegen, de gebouwen binne yn 'e selde snoarje ôfbrutsen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
