Beo's
| Beo's | ||
| Grutte beo | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
| skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
| famylje: | protterfûgels (Sturnidae) | |
| skaai: | beo's (Gracula) | |
| Linnaeus, 1758 | ||
| Soarten | ||
| ● ● ● ● ● | ||
Beo's (Gracula) binne in fûgelskaai fan Aziatyske fûgels yn 'e famylje protterfûgels (Sturnidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fûgels yn it skaai binne tusken 25 en 30 sm lang en ha in soad fan inoar. Se binne allegear glânzgjend swart en ha wite plakken op 'e hânpinnen, dy't fral yn 'e flecht opfalle. Fierder ha se giele of oranje stikjes hûd sûnder fearren op 'e kop en ek giele of oranje lellen. Ek de poaten en de snaffel binne giel oant oranje. Njonken de geografyske fersprieding en it formaat ferskille de soarten yn it skaai fan inoar troch de foarm en it plak fan 'e giele of oranje stikjes hûd. Tusken mantsjes en wyfkes binne gjin ferskillen. Juvenilen ha in doffere snaffel.
De fûgels binne ferneamd fan harren fermogen om de minsklike stim nei te dwaan. It is in populêre kouwefûgel.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It skaai hat fertsjintwurdigers yn tropysk súdlik Aazje fan Yndia, Bangladesj en Sry Lanka, eastlik oant Yndoneezje. De grutte beo is yntrodusearre yn Porto Riko).
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne fiif erkende soarten yn it skaai:
| Ofbyld | Fryske namme | Wittenskiplike namme | Fersprieding | Trend |
|---|---|---|---|---|
| grutte beo | Gracula religiosa | Nepal, Sikkim, Bûtan, Arunachal Pradesh, Lytse Himalaya | ||
| Yndyske beo | Gracula indica | Súdwest-Yndia, Sry Lanka | ||
| Niasbeo | Gracula robusta | Nias en oanbuorjende eilannen | ||
| Srylankaanske beo | Gracula ptilogenys | Sry Lanka | ||
| Tenggarabeo | Gracula venerata | Yndoneezje | ||
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant noch net lang lyn waarden mar twa soarten erkend, de G. religiosa en de G. ptilogenys. Earder waarden alle Gracula mei in grut ferskaat ûnder de berchbeo (of grutte beo) set. In pear ûndersoarten fan 'e G. religiosa wurde jimmeroan mear as aparte soarten beskôge. De Srylankaanske beo waard earder as in ûndersoarte fan 'e grutte beo beskôge, mar hjoed-de-dei behannelje alle belangrike autoriteiten de fûgel as in aparte soarte. Sa waarden ek de Engganobeo, de Niasbeo en de Tenggarabeo tradisjoneel as ûndersoarten fan 'e gewoane berchbeo beskôge, en guon autoriteiten dogge dat noch. De Engganobeo (Gracula religiosa enganensis) dy't op it eilân Enggano libbet, wurdt sûnt in taksonomyske feroaring yn 2025 fannijs as in ûndersoarte fan 'e grutte beo beskôge.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Sjoch foar referinsjes/boarnen: en:Gracula
|
