Grûnwet fan de Bûnsrepublyk Dútslân

De Grûnwet fan de Bûnsrepublyk Dútslân (Dútsk: Grundgesetz für die Bundersrepubliek Deutschland) is de grûnwet fan 'e Bûnsrepublyk Dútslân.
De Westdútske grûnwet waard op 8 maaie 1949 yn Bonn goedkard en kaam op 23 maaie yn wurking, nei't er op 12 maaie goedkard waard troch de westerske alliearden dy't it gebiet nei de Twadde Wrâldkriich besetten. De grûnwet waard Grundgesetz neamd om oan te jaan dat it in foarriedige wetjouwing wie yn ôfwachtsjen fan it werienigjen fan Dútslân. Doe't Dútslân yn 1990 werienige waard, bleau de grûnwet lykwols hanthavene as de definitive grûnwet fan it werienige Dútslân. It oarspronklike tapassingsgebiet (Geltungsbereich), dus de dielsteaten dy't ynearsten part fan 'e Bûnsrepublyk Dútslân wiene, Baden-Wuertemberch, Beieren, Bremen, Hamboarch, Hessen, Nedersaksen, Noardryn-Westfalen, Rynlân-Palts, Saarlân en Sleeswyk-Holstein, bestie út trije besettingssônes fan 'e westerske alliearden, mar op oantrúnjen fan 'e westerske alliearden waard West-Berlyn formeel útsletten. Yn 1990 waard yn it Twa-plus-fjouwer-ferdrach tusken de twa Dútslannen en alle fjouwer alliearden de útfiering fan in tal grûnwetswizigings fêstlein.
It Dútske wurd Grundgesetz kin oerset wurde as "basiswet" of "fundamintele wet". De term Verfassung (konstitúsje) waard mijd om't de opstellers it Grundgesetz as in tydlike regeling foar in foarriedige Westdútske steat beskôgen, yn 'e ferwachting dat in lang om lette weriening fan Dútslân in echte grûnwet oannimme soe, fêststeld op grûn fan fêststellings yn kêst 146 fan 'e grûnwet, dêr't fêststeld wurdt dat in soksoarte grûnwet "ûnbehindere troch it Dútske folk" oannommen wurde moatte.
Hoewol't de wizige grûnwet yn 1990 troch alle fjouwer alliearde machten goedkard waard (dy't dêrnei ôfstân diene fan har foarbeholden grûnwetlike rjochten), waard der nea in folksstimming yn 1949 as yn 1990. De grûnwet sa't er yn 1949 oannommen waard, befetet lykwols ek kêst 23, dat fêststelde dat "oare parten fan Dútslân" har "oanslute koene by it tapassingsgebiet fan 'e grûnwet". Dat wie de fêststelling út konstitúsjoneel eachpunt wei brûkt waard foar de Dútske weriening. Mei't dêrnei de oerweldijende konsesus wie dat de Dútske saak oplost wie, en om ôfstânte dwaan fan alle oerbleauwende Dútske oanspraken op it gebiet eastlik fan de Oder-Neissegrins te befêstigjen, waard kêst 23 deselde deis dat de weriening wie, ynlutsen. Twa jier letter waard dêr ynstee fan in net-besibbe kêst oer de relaasje tusken Dútslân en de Jeropeeske Uny ynfoege. As erfenis fan 'e Lytsdútske rjochting waard ek gjin ienwurden mei Eastenryk neistribbe.
Yn 'e preambule fan 'e grûnwet wurdt dêr it oannimmen fan ferklearre as in "died fan it Dútske folk", en kêst 20 stelt fêst dat "alle steatsgesach fan it folk útgiet". Dy ferklearrings jouwe de grûnwetlike begjinsels stal dat "Dútslân" identyk is oan it Dútske folk en dat it Dútske folk grûnwetlik operearret as de primêre ynstelling fan 'e Dútske steat. Wannear't de grûnwet ferwiist nei it grûngebiet dat ûnder jurisdiksje fan dy Dútske steat falt, wurdt dat oantsjut as it "federaal grûngebiet", dêr't alle suggestjes dat der in grûnwetlik definearre "Dútsk nasjonaal grûngebiet" bestiet troch mijd wurdt.
De opstellers fan 'e grûnwet woene dêrfoar soargje dat in mooglike diktator nea mear oan 'e macht komme koe. Hoewol't in part fan 'e grûnwet basearre is op 'e grûnwet fan 'e Weimarrepublyk, is it earste kêst in beskerming fan 'e minsklike weardigens (Menschenwürde) en de minskerjochten; dat binne de kearnwearden dy't troch de grûnwet beskerme wurde. De begjinsels fan demokrasy, republikeinisme, parlemintarisme, machteskieding, sosjale ferantwurdlikens (Sozialstaatsprinzip), federalisme en rjochtssteat binne wichtige ûnderdielen fan 'e grûnwet (kêst 20). De kêsten 1 en 20 wurde beskerme troch de saneamde ivichheidsklausule (Ewigkeitsklausel) yn kêst 79 III, dy't alle ferwizings of skrassen fan de yn 'e kêsten 1 en 20 fêstleine begjinsels ferbiedt. Foar in wizigin fan 'e grûnwet is in twatred mearderheid nedich yn 'e Bûnsdei en 'e Bûnsried.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (dú) Tekst fan 'e Dútske grûnwet: PDF
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch de:Grundgesetz für die Bundersrepubliek Deutschland en en:Basic Law for the Federal Republic of Germany |