Springe nei ynhâld

Grûnspjochten

Ut Wikipedy
grûnspjochten
In Kalifornyske grûnspjocht (Colaptes chrysoides).
In Kalifornyske grûnspjocht (Colaptes chrysoides).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
skift: spjochteftigen (Piciformes)
famylje: spjochten (Picidae)
ûnderskift: echte spjochteftigen (Pici)
tuskenskift: spjochtfûgels (Picides)
ûnderfamylje: echte spjochten (Picinae)
tûke: gewoane spjochten (Picini)
skaai: grûnspjochten (Colaptes)
Vigors, 1825

De grûnspjochten (wittenskiplike namme: Colaptes) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), it skift fan 'e spjochteftigen (Piciformes), de famylje fan 'e spjochten (Picidae), de ûnderfamylje fan 'e echte spjochten (Picinae) en de tûke fan 'e gewoane spjochten (Picini). Ta dit skaai hearre 14 libbene soarten út 'e Nije Wrâld mei dêropta ien dy't útstoarn is.

It skaai fan 'e grûnspjochten waard yn 1825 yntrodusearre troch de Ierske ornitolooch Nicholas Aylward Vigors. Dyselde murk de gouden grûnspjocht (Colaptes auratus) oan foar de typesoarte. De wittenskiplike namme Colaptes komt fan it Aldgrykske κολάπτης (kolaptes), dat "beitelder" betsjut. Binnen de tûke fan 'e gewoane spjochten (Picini) hearre de grûnspjochten ta in klade fan fiif nau besibbe skaaien dêr't fierders ek de iiktimmerspjochten (Dryocopus), de lytse griene spjochten (Piculus), de ruotspjochten (Mulleripicus) en de Súdamerikaanske toefspjochten (Celeus) diel fan útmeitsje.

Grûnspjochten hawwe oer it algemien in brune of griene rêch en wjukken en in bêzjekleurige oant giele, swart bespikkele bealch. De wjukken hawwe swarte spikkels dy't yn horizontale rjochting ferlinge binne, sadat se wol wat wei hawwe fan koarte streekjes. Dizze fûgels hawwe ornaris fel kleure markearrings op 'e kop. De namme 'grûnspjochten' is in ferwizing nei it feit dat se harren fretten foar in grut part op 'e grûn byinoar fandelje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.