Grûnmosken
Appearance
| Grûnmosken | ||
| Pyrgilauda davidiana | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
| skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
| famylje: | moskfûgels (Passeridae) | |
| skaai | grûnmosken (Pyrgilauda) | |
| Verreaux, 1871 | ||
Grûnmosken (Pyrgilauda) binne in fûgelskaai yn 'e famylje moskfûgels (Passeridae) en se wurde faak ek as sniemosken oantsjut. De fûgels yn it skaai binne oanpast oan in libben op heechlizzend, iepen en rotseftich gebiet, faak boppe de beamgrins. De fjouwer soarten komme alle fjouwer foar yn Sintraal- en Súd-Aazje, lykas op it Tibetaanske Plato, yn 'e Himalaya, de Hindu Kush en oangrinzgjende gebieten fan Sina, Nepal, Mongoalje en Afganistan.
It binne lytse oant middelgrutte moskfûgels en se ite meastentiids sied. Earder waarden sniemosken yn Montifringilla set en somtiden wurdt dat noch dien, mar op basis van morfology en DNA-ûndersyk waarden guon soarten yn Pyrgilauda set.
De typesoarte is de lytse grûnmosk (Pyrgilauda davidiana).
| Ofbyld | Fryske namme | Wittenskiplike namme | Fersprieding |
|---|---|---|---|
| Afgaanske grûnmosk | Pyrgilauda theresae | Afganistan | |
| readhalsgrûnmosk | Pyrgilauda ruficollis | Uttarakhand, Nepal, Sikkim en Bûtan | |
| lytse grûnmosk | Pyrgilauda davidiana | Mongoalje, súdlik Sibearje en noardlik Sina | |
| Tibetaanske grûnmosk | Pyrgilauda blanfordi | Sina, Yndia, Nepal en Pakistan | |
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Pyrgilauda fan Wikimedia Commons. |