Grûnboek fan Waldemar

It Grûnboek fan Waldemar (Latyn: Liber Census Daniae, Deensk: Kong Valdemars Jordbog), wie in beskriuwing fan de besittingen en ynkomsten fan de Deenske kening, optekene yn 1231, ûnder it bewâld fan Waldemar II (1202–1241). It boek, in soarte fan kadaster, is yn it Latyn skreaun.
De betsjutting fan it kadaster leit ûnder oare yn it feit dat dêr foar it earst in protte plakken en bestjoerlike distrikten fan it doetiidske Keninkryk Denemark yn neamd waarden. It wurk omfettet it hjoeddeiske Denemark, it hjoeddeiske Dútske part fan Sleeswyk of Sønderjyllân (Súd-Jutlân) ynklusyf it eilân Fehmarn, de doetiidske Deenske provinsjes eastlik fan 'e Sont Skåne, Halland en Blekinge, en ek de Deenske besittings yn Estlân.
It jout in weardefol ynsjoch yn 'e macht en sosjale struktueren fan dy tiid. De leechste bestjoerlike ienheid wie de herred. In oantal herreds foarmen in Syssel, in mear geografysk definiearre ûnderferdieling tusken herred en it (platte)lân.
Eksterne keppelingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory König Waldemars Erdbuch fan Wikimedia Commons. |
- De publikaasje fan it boek fan Oluf Nielsen út 1873 is beskikber yn it Ynternet Argyf as Digitaal dokumint.
- It orizjinele manuskript yn it Deenske Nasjonaal Argyf yn Kopenhagen Digitaal yn te sjen.
